Weppers moandei 7-1

A.HAK-sealtoernoai E- en F-pupillen
6 januari 2013
Opjaan foar SDS-sealtoernoaien
7 januari 2013

OFK
Jûn sille de froulju fan SDS los yn Frjentsjer op it OFK.
Harren poule sjocht der sa út:
Poule D3
LAC Frisia
Heerenveense Boys 2
vv Nieuw Roden
vv SDS
vv Flevo Boys 1
vv Drachtster Boys 1
De froulju sitte net yn in maklike poule mei de winners fan Drachtster Boys 1 as toppers. Sy wûnen foarich jier noch it OFK.
It skema foar jûn sjocht der foar SDS sa út:

19:44 v.v. S.D.S. v.v. Nieuw Roden
20:12 v.v. Flevo Boys 1 v.v. S.D.S.
20:54 v.v. S.D.S. Lac Frisia 1883
21:50 Drachtster Boys 1 v.v. S.D.S.
22:32 Heerenveense Boys 2 v.v. S.D.S.

OFK(2)
Jûn meie net allinnich de SDS-froulju, mar ek âld-SDS’er Freek Tichelman los. Freek kin noch wolris in ein komme op it OFK, want hy makket diel út fan Drs. Vijfje 1. Yn 2008 en 2012 wûn Drs. Vijfje it OFK.

OFK(3)
Yn de finaleronde op sneon 12 jannewaris sjogge wy yn elts gefal in pear âld-SDS’ers. De Vogels waarden tongersdei 2e yn harren poule en dat betekent dat de ploeg fan Jehannes Tichelman, Andries Brinksma, Hjalmar Ruiter, Timen Vermeulen trochgiet. VV Foarút mei âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld is ek troch. Tsjalling Sikma waard mei VV Dronryp útskeakele.

Sealtrainen
Fan ‘e wike meie der wer inkelde SDS-teams yn de seal traine:
Maandag 17:00-18:00 E5 Pieter Sytsma
Dinsdag 16:45-17:45 E1/E2 Klaas van der Weg
Donderdag 17:00-18:00 E3/E4 Marco Haagsma

Oersicht
Sneon wie de snertrin foar dravers en kuierders. Foar in byld fan de start, de rees en de finisj kinne jim
hjir de foto’s sjen.

Froulju
Bij de froulju wie de dielname net sa grut. Wij kinne se dus mei namme neame:
1. Fenna en Nyncke Hoekstra
2. Tryntsje Bouma en Sanne Rixt Jorritsma
3. Metsje Huitema
4. Monique Vellinga (mar dy wie wat letter starten, want oars…)

Snert
It is spitich dat snert sa’n negative klank hat (snertwaar) maar it mei wol sein wurde, de snert fan sneon wie fan in poerbêste kwaliteit.

Swimbroek
Jorrit Stenekes stie syn heit en mem op te wachtsjen bij de finisj mei it lint yn de hân. Heit waard krekt twadde en dat wie Anne net hielendal nei it sin. Dochs in kreaze prestaasje want Anne is hiel faak twadde. It geheim dat ferklapte Jorrit, want hij ferteld oan elkenien dy’t it mar witte woe: “Us heit hat de swimbroek oan”.

Utdraafd
Elkenien hat de rees útdraafd sneon. Alteast wêr’t je fan ferwachtsje. In trijetal joech healwei op mar dat wie gjin ferrassing.

Serious Reguest
De aksje foar Serious Request wer’t wy oan mei dien hawwe hat it respektabele bedrag fan 466 euries oplevere.
Wy binne net Demo van de Dag wurden, mar dat hindert neat. Wy ha it mei in protte wille dien en wy wolle hjirby alle doneerders tige tank sizze.
In leuke bykomstighied is dat de priis foar in húskeamer konsert d’r útgongen is!
Dizze priis in wûn troch Guus en Jeannet út Itens en sil ynkoarten barre….
Hâld ús site yn ‘e gaten foar in ferslach hjirfan….
www.voskovsgrodzemods.nl
Groetnis
Voskovs Grodzemods

Harsens derby(927)
Miskien wol de ienige goeie reaksje op in schwalbe yn it strafskopgebied: