Sneon 4-10-2025
3 oktober 2025De grutte klupaksje by SDS
6 oktober 2025Bistedei
Dat Ate Schaap sneon de winnende makke by SDS 1 wie net sa gek fansels. It wie ommers bistedei.
Bistedei (2)
SDS 2 ferlear op bistedei mei 0-1 fan sc Franeker. Dat hienen wy net tocht. Wy seagen Kevin den Haan by SDS 2 al as matchwinner.
De wike fan de skiedsrjochter
It is de wike fan de skiedsrjochter en dat betsjut dat de skiedsrjochters by SDS trakteard waarden op oranjekoek.

Goeie foto op de digitale spilerspas
Om balje te kinnen moat de skieds sneons al sjen as hy de goeie foar him hat. Dit betsjut dat elke fuotballer in goeie spilersfoto op de digitale spilerspas hawwe moat. Dit kinne je oanpasse yn de voetbal.nl-app. Hoe dat moat en hoe dat sit kinne jim hjir lêze. Dit kin oant 31 oktober.
Gerbrand Kramer
Gerbrand Kramer mist al wiken by SDS 1 nei in fikse harsenskodding. Hy is al wer drok oan it trainen en de bedoeling is dat hy sneon minuten meitsje sil by SDS 2 út tsjin LAC Frisia 3.
Foto’s JO19-1
Minne Bouma hat prachtige portretfoto’s makke fan de spilers fan de JO19-1. Letter fannewike kinne jim se hjir op de webside sjen.
Tillefoan stêlen?
Popko Wijnia siet sneon yn it kassahokje by SDS en moast sa no en dan syn tillefoan der by hawwe om de digitale betellingen te regeljen. Hy fenuvere him al doe ’t hy klear wie yn it kassahokje en syn tillefoan kwyt wie. Mei help fan Syb gie it hiele kassahokje oer de kop, waard der yn de bestjoerskeamer sjoen, gie de auto fan binnen oer de kop en waarden alle bûzen nochris goed neisjoen. Doe’t Syb beslúte om de tillefoan mar ris te beljen fenuveren se harren doe ’t 10 meter fierder by Meinte Wesselius de tillefoan oer gie. Meinte hie blykber by it keapjen fan it programmaboekje efkes tocht dat it syn tillefoan wie en hie him yn de bûse stoppe.
Prizen Draaiend Rad
Om mear sponsers temjitte te kommen hat it SDS-bestjoer besletten om by it Draaiend Rad net allinnich mear fleisprizen út te dielen. De haadpriis is noch wol altiten in rollade, mar as je juster Jeroen Brouwer en Jelle de Jong fytsen sjoen hawwe mei hierwoskersguod of bubbeltsjewyn dan wie dat wierskynlijk harren priis mei it Draaiend Rad. No mar hoopje dat sy it net troch elkoar hinne helje.
SDS-League
Woansdei kinne jim hjir de nijste stân ferwachtsje.

OFK
Begjin jannewaris sil it jierlijkse Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal(it OFK) wer plak fine yn Frjentsjer. Foar SDS sil sawisa de JO19-1 meidwaan.

Harsens derby (2329)
Huh!
I can’t score from six yards out yet this guy can score from his own box…
( James Clarke)
#SundayLeague pic.twitter.com/H8CAnuXctn
— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) October 4, 2025


