Weppers moandei 31-10

Weppers snein 30-10
29 oktober 2011
Oan-/ôfmelde as lid/Freon fan SDS
31 oktober 2011

Ledengearkomst

Woansdeitejûn is de ledengearkomst. Om 20.00 oere begjint it. De wurklist stiet yn de Treffer.

SDS 1
Moandei (jûn) gjin trainen
Tiisdei en tongersdei om 20.15 oere.
Gr.
Marco

Sealtrainen
Hjoed begjinne de earste trainingen foar de jeugd yn de seal wer. Pieter Kamstra mei om 17.00 it spits ôfbite mei F5 en F6. Sjoch hjir foar it hiele sealskema. Tiisdei binne F3 en F4 oan de beurt û.l.f. Nanning Dijkstra(fan 16.50-17.50) en tongersdei F1 en F2 û.l.f. Peter Sybesma(fan 17.00-18.00).

Doelpuntenmakkers
91 doelpunten binne der makke troch de senioren en Da1 en Da2. Twa man geane oan kop fan it klassemint. Sjoch
hjir.

SDS 1 yn de 2de klasse
SDS 1 sit foar it tretjende jier yn de twadde klasse. Der is mar ien klup dy’t der langer ynsitten hat en der binne 4 klups dy’t mear punten helle hawwe. Sjoch hjir de
IvigeListFryskeTwaddeKlassers.

Treffers Reahûs-Turns
It sil jierren lyn west ha dat der in Treffer yn Reahûs brocht wurde moast. Jorrit Hofstra wie it earste lid dêr. Omdat ien fan de redaksjeleden fan doe dêr 4 dagen yn de wike troch fytst, wie it maklik om efkes in Treffer bij de famylje Hofstra te bringen. Allinne om dy moaie namme woe der it al dwaan.
Mar troch de jierren hinne is it aardich feroare. Ien Treffer waarden twa Treffers, waarden 5 Treffers en mei Turns der no bij sitte wij op 17 Treffers. Prachtich fansels en de Treffers wurde noch altiten troch ien fan de wepmasters mei wille rûn brocht fan it Bongapaad yn Reahûs oant Annabuorren ûnder Turns.
Mar dat wurdt no oars. Moai is no dat ien fan de âlders fan de bern út Reahûs him sels oanbiedt om tenei de Treffers fan Reahûs en Turns rûn te bringen. Dus mei yngong fan de folgjende moanne bringt Jehannes Gerbrandy fan Reahûs de Treffers dêr rûn. 

Berjocht fan Ferienings Easterein
Woansdei binne Hendrik en Tjerk Okkema mei in oantal oare frijwilligers begûn mei it wurk oan it lytse parkearterrein by de yngong fan de Skoalleseize.
Earst ha de mannen de bestrating foar in part opbrutsen en doe binne de kolken (putten) ferpleatst. Mar ek binne de nije wetterlieding en stroomkabels yn it earste part fan it terrein del lein.
Tongersdei is it hiele terrein klearmakke foar it op ’e nij bestraten. Alle klinkers binne fuorthelle, der is sân op brocht, de saak is út setten en freedtemiddei hat Jan Simon de sânlaach ‘levele’, dat wol sizze dat it sân sa dellein is dat sneons de frijwilligers de klinkers der “allinnich mar yn hoege te lizzen”.
Sneontemoarn wie Jan Simon foar achten al dwaande en hie it earste stikje der yn lizzen. Nei’t alle frijwilligers (Klaas O, Mebius, Christian, Robert, Wilco, Pier, Gerlof, Willem T., Jan Simon, Klaas P., Simon en Jelmer) in bakje kofje dronken hienen giet it los. Mei 3-4 straters, ien shovelsjaffeur en in stikmannich oppermannen is ± 400 m2 (sa’n 18.000 klinkers) it terrein op nij straten. Yn it lêst de healtsjes der yn en it stik lâns de lytse oefenhoek bywurkje. Doe alles klear wie is it terrein oanfage en opromme. Nei syn fuotbalwedstriid hat Jan Simon it terrein ôftrille en dernei lei it as in plaatsje derby! It terrein is prachtich flak wurden en it liket gâns better as foar de tiid.
Oer de hiele dei wienen der wol in soad besikers fan it sportfjild die NET de muoite namen om efkes om te rinnen… Mei grut ark as de shovel is it fansels net sûnder gefaar om dan op sa’n terrein te rinnen en moast Pier ferskriklik goed útsjen by it riden, wat hy prima die, mar wol lêstich wie.
We binne der noch net!
Takom wike (31 oktober – 5 novimber) wurdt it twadde part oppakt! We ha noch wol in oantal frijwilligers nedich, seker foar 5 novimber. Dus meld jimme oan foar in moai en ek gesellich stikje frijwilligerswurk! Dat kin by Tineke Meijer (0515-331190) en/as Klaas Pompstra (05115-331789).
Okkema’s en personiel en oare frijwilligers, TIGE TANK!

Foto’s
Fan it frijwilligerswurk bij it MFT binne ek in protte foto’s makke. Dy kinne jim
hjir sjen.

Harsens derby (599)
Dit is in alderaardichste goal: