Weppers moandei 3-3-2025

Sneon 1 maart 2025
28 februari 2025

Spulferdieler

Minne Bouma hie sneon nije SDS-sokken kocht. Neffens eigen sizzen yn de bestjoerskeamer. Wy witte it net….. Of hy hat frege om spesjale SDS-sokken foar in spulferdieler of hy is oplichten. SDS hat swart-wite sokken en dit binne wyt-swarte sokken.

Dochs noch in priis

De perioadetitel siet der sneon spitich genôch net yn foar SDS 1 by Makkum, mar der wie úteinlik noch wol in bokaal foar SDS…..

Foto’s Nijland 3 – SDS 4

Op de webside fan vv Nijland is in ferslach te lêzen fan Nijland 3 – SDS 4 en binne der ek wedstriidfoto’s te besjen. Sjoch hjir.

SDS-League

As alles wat meisit dan komme wy moarn mei de nijste stân fan de SDS-League.

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhuhuhhuuhhh!

De topskoorder fan SDS 1, Lourens van der Pol, is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2299)

Altiten harsens derby hâlde!