Weppers moandei 3-1

SDS 1 winterprogramma
2 januari 2011
SDS 2/3 winterprogramma
4 januari 2011

Opjaan
Foar it DEF toernooi op 15 jannewaris kin de jeugd harren hjir opjaan.  Klik op it logo en ful it formulier yn.

O.F.K.
Tongersdei begjinne de foarrondes fan it Open Fries Kampioenschap zaalvoetbal yn Frjentsjer. De froulju fan SDS meie dan ek los. Letter fan ‘e wike mear dêroer. Hjir kinne jim alfêst alles oer de O.F.K. rêstich efkes besjen.

De Treffer
De Treffer is krekt foar âld en nij útkommen. De measten sille him al hawwe en de rest sil sa gau as mooglik folgje. Der is hiel wat te lêzen.

Keunstgers?
De lieders en trainers fan de jeugdalvetallen hawwe in mail fan de jeugdkommisje krigen om oan te jaan hoe grut de belangstelling is om de kommenden wiken yn Snits te trainen. Lieders graach foar 6 jannewaris troch jaan oan Hans van der Schaar.

Klinik D-pupillen
Kommende sneon is der wer in klinik yn de sporthal yn Easterein. Dizze kear is de klinik foar alle SDS D-pupillen. It is fan 9.00 oan ’t 12.00 oere.

Opsein
Krekt foar 1 jannewaris hat Johnny Leistra út Hartwerd opsein as SDS-lid.

Klaverjasse


De data foar it klaverjassen yn 2011 binne:

Tongersdei 20 jannewaris

Tongersdei 17 febrewaris

Tongersdei 17 maart

Eltse jûn begjinne we om 19.30 oere.
De aktiviteitenkommisje


Grapke
2011 begjint mar goed. Sels Van Gaal krijt gefoel foar humor(klik hjir).

Harsens derby (368)
Robinho hat allinnich mar each foar de bal:


Daliks miskien wol mear!