Weppers moandei 28-9

SDS League: FC DWOpke pakt wykpriis!
27 september 2015
Weppers tiisdei 29-9
29 september 2015

SDS B1 en B2
Boudewijn Kramer traint fannejûn B1 en B2 om ’t Hans van der Schaar der net is. Hy wurdt assisteard troch Hendrik de Jong fan SDS 1. It doel is dat der eltse wike in spilers fan SDS 1 helpe sil om B1 en B2 te trainen.

Woansdeitejûn gjin sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 soenen kommende woansdei yn de Jouwer sealfuotbalje tsjin Haskerland, mar dit giet net troch. Miskien moatte de Jousters noch bekomme fan Jouster Merke?

Wer net fuotbalje?
SDS Vr.2 treft it net. Kommende sneon hoefe sy op ‘e nij net te fuotbaljen. Tsjinstanner Nieuweschoot hat te min spylsters.

SDS 4
SDS 4 spile sneon tsjin sc Franeker 5. Hans van der Schaar frege him ôf wêrom it SDS 4 hjitte:
De besetting bestie ut in nuver geselskip fan 3 spilers ut it 4e , 8 ut it 3e en trije junioren (Jorrit V ut A1 en Niels en Luuk ut B1).
It It doel waard hast leeghalden troch in besunder talent. Spitich genoch ferlern mei 1:0.

SDS League
Juster kaam dan eindelijk de earste stân fan de nije SDS League hjir op de webside. Tongersdei kinne jim de nije stân ferwachtsje.

Harsens derby (1597)
Welke Martin Hansen?