Weppers moandei 28-2-2022

Sneon 26-2-2022
25 februari 2022
SDS 1: Luctor et emergo (de Slag bij Scharnegoutum)
2 maart 2022
Sneon 26-2-2022
25 februari 2022
SDS 1: Luctor et emergo (de Slag bij Scharnegoutum)
2 maart 2022

Scharnegoutum 1 – SDS 1

SDS 1 mei moarntejûn alwer los. Sy spylje om 20.00 oere yn Skearnegoutum de derby tsjin Scharnegoutum 1. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

Pupillen fan de wike

Bouke Doornbos en Tiede Posthumus wienen sneon pupillen fan de wike. It is net mear slagge om harren nei de wedstriid mei in spiler fan SDS op de foto te krijen, mar sy stienen al kreas op de foto mei û.o. de skiedsrjochter en de wedstriidbal:

3-9-’22

Op freed 2 en sneon 3 septimber fiere wy it 75-jierrich jubileum fan SDS. Foar Anco Elgersma wie it in logyske rekkensom dat it op 3 septimber oftewol 3-9-’22 fierd wurdt. 3×22+9 is ommers 75!

Nije âlde Freon fan SDS

Ofrûne sneon wie âld-SDS’er Henk Walda foar it earst yn jierren wer ris by SDS en hy hie it o sa nei syn sin. Hy hat lyk besletten om Freon fan SDS te wurden. Sjapoo!

SDS-League

Woansdei kinne jim hjir op de webside wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby (2353)

‘Toet, toet!’