Weppers moandei 28-1

Weppers snein 27-1
27 januari 2008
Weppers tiisdei 29-1
28 januari 2008

SDS 1 op syn Dúts
SDS 1 wûn ôfrûne sneon yn de blessuretiid fan Wieringermeer. “Op syn Dúts”(of op syn PSV’s) dus neffens Tsjalling Sikma. Tsjalling makke der wer in
moai ferslach fan. Heit Sijmen is noch altiten drok dwaande mei in nije badkeamer.

SDS 2 komt knap werom
SDS 2 ferlear sneon mei 3-2 fan de studinten fan Knickerbockers. Mei de rêst wie it al 3-0.
SDS rûn al gau efter de feiten oan doe ’t de Grinsers binnen 1 minút al 1-0 makken. SDS wie neat minder mar rûn dochs tsjin de 2-0 op. Doe ’t de skeids krekt foar de rust in ûnterjochte penalty oan Knickerbockers joech like de wedstryd spile. It waard 3-0.
De twadde helte wie foar SDS. Stefan makke lyk 3-1 en SDS gie op syk nei mear. Jan-Simon makke krekt foar tiid 3-2. Hjirnei hie SDS net genôch tiid mear om dochs noch in puntsje te pakken.
Sneon spilet SDS 2 thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen. SDS 2 kin dan wol wat steun brûke. Kom dus allegear te sjen!

Folslein programma
Ofrûne sneon wie der noch net in folslein programma, mar sneon giet it oan. Alle seniore-alvetallen, de A’s , de B’s en de C’s moatte wer los. Dus in freonlik fersyk fan alle lieders: hâld de sneon frij foar it fuotbaljen. It programma kinne jim
hjir sjen.

Keeperstraining
Tiisdei 29 jannewaris om 19.00 begjint it keepertrainen.
Sa ’t jim yn de Treffer lêze koenen sil Anne Brouwer de keepers traine.
Willem Twijnstra sil foar ballen soargje.
Der binne 7 keepers útnoege.

Wer traine
SDS C1 begjint jûn ek wer te trainen. It is fan 18.30 oan ’t 19.30. Trainer Durk de Jong sil sjen as de jonges noch wat foarút te brânen binne nei de winterstop.

Futsal
De futsallers fan SDS 1 hawwe gjin programma, de futsallers fan SDS 3 moatte tiisdei nei Boalsert om Rjocht En Slocht 5 te bestriden.

Utnoeging
SDS 5,  better sein de feteranen, binne wer útnoege om it lêste wykein fan augustus mei te dwaan oan it bekinde Skylger senioren toernooi. Al in oantal kearen hawwe se dêr in wykein hinne west om it sportive aspekt te kombinearen mei in yn- en ûntspannend útgeans barren.

De klupfaantsjes
Wij hawwe út in tige betroubere bron heard dat de fuotbalklup faantsjes dy’t yn de eardere kantine hongen op dit momint in skjinmak beurt krije bij Compleet Cleaning oan de Skippersbuorren en dat se dan wer in plakje krije yn de kantine.

Doelpunten
Wij koene dan hast nei twa moanne wer wat doelpuntenmakkers bijskriuwe. En der waard goed skoard dit wykein. 4 alvetallen mei totaal 20 doelpunten. Kluptopskoarder Gearard P. stie dit wykein droech wat it skoaren oan giet. At er yn Doetichem bij de Graafschap- sc Hearrenfean ek droech stie is mar de fraach.
De totale list kinne jim
hjir sjen.

Eigen fyts
Sûnt Osama bin Laden sjogge de minsken dochs wat oars nei mannen mei burden. Sa ek lytse bêrn. Ôfrûne sneon gie Pieter Wijnia mei syn broer Tom en syn heit nei it fuotbaljen ta yn Easterein. Doe ’t hy seach dat Aant der net op syn lisfyts oankaam mar op de “gewoane” fyts waard Pieter efterdochtich; “heit, heit, omke Aant is op syn eigen fyts………..”

Wêr?
Jim stadionkennis kinne jim teste op 
dizze side. Hylke Schrale wit se op 2 nei allegear. Wy binne benijd of ien se allegear wit. Tongersdei komme wy sels mei alle antwurden.

Derksen
Noch sa’n oardel wike dan komt Derksen nei Easterein. Wij seagen noch efkes yn it archyf nei syn spesjale kwaliteiten.


(bron: digitaal archyf LC)

SDS 2 siket grinsrjochter
SDS 2 siket noch altiten nei ien dy ’t sneons flagje kin. Sa ’n ien as dizze hat de foarkar: