Sneon 25-10-2025
24 oktober 2025SDS-League: Koprinner ‘FC Lollum’ pakt de wykpriis!
29 oktober 2025Wa hat Jorn syn jas?
Sneon hat ien per ûngelok de ferkearde jas meinaam út de kantine. Jorn Hiemstra is namelijk syn swarte North Face jas kwyt. Yn de bûse sieten noch in oplader en in sleutel.
Jorn soe hiel graach syn jas werom krije, want it is gjin waar sûnder. Graach efks appe mei Jorn: 06-30423147
Fleskes sparje
Allegear oan de plestik fles foar SDS!

SDS-League
Wy sille ris efkes sjen mei hoefolle spilers Johan Delfsma dit wykein wer fuotballe hat yn de SDS-League. Dan alle punten by elkoar sykje en dan komme wy woansdei mei de nijste stân.

7×7
Freed meie de 7×7-teams wer los. De froulju fan SDS mei yn Easterein, de manlju fan 18+1 yn Snits en dy fan 18+2 yn Littens.

SDS’ers der op út!
Dit wykein wie it blykber in moai wykein om efkes in fuotbalpotsje bûtenút te sjen. Harm-Jan Kamstra en Broer-Jacob Greidanus gienen mei wat maten nei Manchester United – Brighton en Everton – Spurs. Dirk de Jong gie mei Marten Faber en wat maten nei Bayer Leverkussen – sc Freiburg. Sjoerd van Beem en Marco Rijpkema wienen juster by FC Antwerp – Club Brugge.
Lokwinskuhuhuhuhuhhuhuhuhuhuhuhuhhh!
Gert-Jan Hiemstra is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske en meitsje der in moaie dei fan! Ferline jier waard hy noch lokwinske troch âld-PSV’er Rene Eijkelkamp.
It moaiste kado hat Gert-Jan juster al krigen…….
Harsens derby (2337)
Dit is moai sjit fansels………………sjips…
Poor fella lost his chips pic.twitter.com/bnxfz22Arz
— The 44 ⚽️ (@The_Forty_Four) October 26, 2025
Letter miskien wol mear!


