Sneon 24-1-2026
23 januari 2026Gjin trainen op it keunstgers…..en sa.
29 januari 2026Trainer socht
Oefenje
SDS 1 sil tiisdeitejûn om 20.15 oere oefenje tsjin Nijland 1. De wedstriid stiet ûnder lieding fan Hendrik de Jong.
Ynhelle
Yn de klasse fan SDS 1 wie ôfrûne sneon ien ynhelwedstriid. Heeg 1 mocht it thús opnimme tsjin NOK 1. It waard in kuorkebalútslach; 4-4.
Swart-wyt
Sneon giet de hiele 4e-Klasse A wer los. As je op dit momint hiel swart-wyt nei de stân sjogge dan kinne je yn dizze klasse it bêste mar yn it swart-wyt balje……..

Rummikuppe
Sawol SDS 1 as 2 hoefden sneon net te baljen, dus dan moatte je wat oars betinke om dochs yn beweging te bliuwen. En wat kinne je dan better dwaan as middeis padelle en jûns rummikuppe?

Ljochtmêst
No ’t der ien ljochtmêst mist op it haadfjild is de Skoalleseize drok op syk nei in oplossing. Lokkich genôch mist der net safolle ljocht dat der net fuotballe wurde kin.
SDS-sokken
Der binne wer folop nije SDS-sokken te krijen. Sy binne al in bytsje djoerder wurden. Sy koste no €12,50. Se binne sneons te krijen yn de bestjoerskeamer.

De nije SDS-League
De transfermerke is noch iepen oant en mei moandei 2 febrewaris ta. Wy hoopje dan gau de nije opjefteformulieren foar de nije SDS-League klear meitsje te kinnen en dan gau wer los te kinnen.

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2359)
Ho…………
What the f*ck have I just watched 😭😂 pic.twitter.com/fp3arNn0Pv
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) January 22, 2026

