Ynhelsneon 22-2-2025
21 februari 2025SDS 3 wint
SDS 3 wûn sneon knap yn en fan Hylpen mei 2-5 wylst sy mei 2-0 efter stien hienen. De SDS-doelpunten wienen fan Kees(2x), Niels, Wessel en
Aiso.
SDS 4 op ‘e nij ûnderút
As je de toto by SDS 4 ynfulle moatte dan kinne je op foarhân wol 2-0 ynfulle liket it. Nei twa wiken werom mei 2-0 ferlern te hawwen by Zeerobben waard der der no mei 2-0 ferlern by GAVC. Op ‘e nij wie SDS net folle minder, mar dat der yn 2025 noch net in goal makke is troch SDS 4 begjint mear en mear mei te spyljen. Hooplik nije wike yn de derby út tsjin Nijland binne de rollen wer ris om draaid. Wy fulle alfêst 0-2 yn. 😉
Nea earder
De measte spilers fan SDS 4 hienen noch nea earder tsjin GAVC spile. Ommers spilen de Grousters tot foar koart op snein. Good-old Ids Boersma(64) koe GAVC sa moai noch ôffinke en hat no miskien hast alle klups út Fryslân wol hân.
Op kurk
Foar de measte spilers fan SDS 4 wie it de earste kear dat sy op kurk fuotballen. Op it keunstgersfjild fan GAVC leit namelijk gjin rubber mar kurk. Folle foardiel wie net te merken. De knibbels gienen noch like hurd iepen by in falpartij. Neffens in Grouster hie it al in oar foardiel op rubberkorrels; ‘It komt minder yn de skuon…..’
Mei de bus nei Makkum
Kommende sneon sil SDS 1 nei Makkum yn de bus. Wa ’t mei wol kin harren hjir noch opjaan.
Oefenje
SDS 1 sil tiisdei om 20.15 oere oefenje tsjin Sleat 1. De wedstriid begjint om 20.15 oere. De Roelof-Luinge fan de Greidhoeke, Hendrik de Jong, sil de wedstriid fluitsje.
Lol
Harsens derby (2297)
‘Tikkie werom, Jaap!’
⚽️ GOAL: Rrahmani turns it into his own net
Como 1-0 Napoli
— Footballnus (@footballnus) February 23, 2025
Letter miskien wol mear!