Sneon 25 oktober Oktoberfest by SDS!
20 oktober 2025Woansdei Meinte-Sixmatoernoai foar de jeugd
21 oktober 2025SDS 1 op foto
Bauke de Boer wie sneon yn aksje as fotograaf. Hij sette de seleksje fan SDS 1 op de foto:

Goals opromje
It soe moai wêze as alle trainers en fuotballers nei it trainen en nei de lêste jeugdwedstriden op sneon de goaltsjes oprêde. Dit skeelt de ‘greenkeeper’ in soad wurk as hy it gêrs meane wol of it keunstgersfjild boarstelje. De goals dan wer graach netsjes te plak sette en net sa as dizze foto’s rûnom de fuotbalfjilden, mar netsjes tusken de jeu de boules-baan en de berging yn.

Beker
Fan de 60 ploegen sitte der noch 24 Fryske klups yn de beker. De KNVB sil ynkoarten lotsje. In moai oersjoch:

Wat de wepmasters oanbelanget wurdt it Broekster Boys of HJSC thús.
Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhhh!
De trainer fan SDS 2, Bote Strikwerda, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinskhuuuuuuuuuuhhuuhuhhh!

SDS-League
Woansdei kinne jim hjir de nijste stân ferwachtsje.

Harsens derby (2334)
Ien opdracht; alle tsjinstanners útskeakelje……
The little guy was on a mission to take out the opposition team pic.twitter.com/v3yjud8NP9
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) October 20, 2025
Letter miskien wol mear!


