Sneon 31-1-2026
30 januari 2026Gjin trainen
Ut de L.C.
Yn de Ljouwerter Krante stean moandei koarte opmerklike stikjes oer it amateurfuotbal.
Yn de krante fan hjoed hawwe se it Frslkach fan Douwe trochsjoen
De stân yn 4A
De oerwinning fan SDS 1 op QVC 1 wie moai. De útslaggen op oare fjilden prima.
Dus is de stân yn de fjirde klasse A no sa. Sjoch hjir
Kommende sneon spilet SDS 1 thús tsjin NOK 1
70 jier lyn
Wij sjogge efkes werom nei it opmerkilke stân yn it seizoen 1955-1956

It sil hast it ienige seizoen west ha, dat SDS 1 en SDS 2 bijelkoar yn de kompetysje sieten. It wie de 3de klasse fan de FVB
Nei 7 wedstriden hie SDS 2 noch net folle wûn.
Nei 16 wedstriden sieten se net mear yn de kompetysje.
Wat ek opfalt is dat it skoaren doe makliker gie as no.
SDS 1 makke mar leafst 86 doelpunten yn 16 wedstriden en dêrmei waarden se niet iens kampioen
De nije SDS-League
De transfermerke is noch iepen oant en mei fannacht 23.59 oan ta. Wy hoopje dan gau de nije opjefteformulieren foar de nije SDS-League klear meitsje te kinnen en dan gau wer los te kinnen.
Rekkenje der mar op dat wy dan nije wike écht los kinne.

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2362)
Ho…….
He’s going to be sacked in the morning 🤣 pic.twitter.com/1jXgZhzEHX
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) January 31, 2026




