Weppers moandei 16-6-2025

Famkes MO11 kampioen wurden!
15 juni 2025
SDS 2 siket in nije koach
23 juni 2025
Famkes MO11 kampioen wurden!
15 juni 2025
SDS 2 siket in nije koach
23 juni 2025

Fersterkingen foar de JO19-1

Der binne mar leafst 4 ynkommende transfers foar de JO19. Neist Wybren Tamminga(ONS) komt Pieter Wiersma(ek fan Tirns) werom. Derneist komt Kyano van Swinden Koopmans fan sc Bolsward JO17-1 en Jelmar de Vries fan vv Oosterlittens JO17-1.

Ald-SDS ferliest yn Nijlân

Ald-SDS hat freedtejûn op it haadfjild fan vv Nijland mei 4-2 ferlern fan âld-Nijlân. Yn de folgende Treffer mear hjir oer.

Jeffrey

Jeffrey van der Werf fertrekt spitich genôch by SDS. Hy sil folgend seizoen syn keeperskwaliteiten sjen litte by vv Nijland. Mocht dit neat wurde dan kin hy altiten noch keunsthanneler wurde. Sjoch hjir.

Midsimmercup

Sneon is wer de jierlijkse Midsimmercup yn Dronryp. SDS docht dit jier spitich genôch net mei. Dochs is it seker de muoite wurdich om efkes by dit 5 tsjin 5-toernoai te sjen.

De nije Treffer

Alle kompetysjes sitte der hast op en dat betsjut dat wy wer dwaande kinne mei de einTreffer. It soe moai wêze as wy fan elk team in seizoenoersjoch krije. Jim meie dit maile nei DeTreffer@vv-sds.nl. Foar snein 22 juny soe moai wêze.

SDS-Look-a-likes

Foar de nije Treffer, sykje wy ek noch wat SDS Look-a-likes.
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Frans Timmermans, Dua Lipa of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei Willem@vv-sds.nl.

Harsens derby (2315)

‘Tikkie werom, Jaap!’