Foto’s Treffer
13 april 2026SDS/Nijland JO19-1 – Urk JO19-2
Woansdeitejûn spylje SDS/Nijland JO19-1 en Urk JO19-2 tsjin elkoar. Dizze wedstriid begjint om 19.30 oere en is yn Nijlân. Seker de muoite wurdich om efkes om it hoekje te sjen.
Kampioenskip
It is spannend yn de fjirde klasse A, wêr’t SDS 1 yn sit. De kâns dat ploegen mei in gelyk oantal punten boppe-oan stean oan de ein fan de rit, is net útsletten.
Yn it reglemint fan de KNVB stiet dit
Wanneer in een competitie twee of meer teams door een gelijk aantal wedstrijdpunten in aanmerking komen voor een kampioenschap, (overnemen van een) periodekampioenschap, een rechtstreekse promotie, herkansingsplaats of een rechtstreekse degradatie, dan is het doelsaldo beslissend. A.
Is het doelsaldo gelijk dan is het aantal doelpunten “voor” beslissend. B.
Is ook het aantal doelpunten “voor” gelijk, dan is het totale resultaat (wedstrijdpunten, gevolgd door doelsaldo en eventueel doelpunten vóór) van de onderlinge competitiewedstrijden beslissend (niet in geval van het winnen van een periodekampioenschap). C.
Is ook het totale resultaat van de onderlinge competitiewedstrijden gelijk dan wordt een beslissingswedstrijd of een beslissingswedstrijdenreeks gespeeld.
Kampioen is bekend!
Tsja, net in bytsje fan him sels oertsjûge, dy trainer fan Delfstrahuizen. Sikje út de LC.
SDS-League
De nijste stân fan de SDS-League kinne jim hjie woansdei yn de rin fan de dei ferwachtsje.

Praatklupke wurdt boekeklupke
Skrik net at jim sneontemoarns om 10 oere op it bekende plak yn de kantine neist al dy bakjes kofje ek boeken op tafel lizzen sjogge bij it praatkwartet F.A.A.P.
It útwikseljen fan nijs, it bepraten fan de wrâldpolityk en it betinken fan adfisen oan regearslieders “all over the world”,
it besprekken fan de huzemerk yn Wommels en Wommels East,
it dielen fan de sûnenssoargen fan doarpsgenoaten en hjir en dêr in in roddeltsje wurdt mear en mear omsetten ta literair praat.
Sneon sjogge wij samar fjouwer boeken op tafel lizzen.
De iene A giet mei de Overbodigen fan Koch nei hûs,
de twadde A is net sa’n lêzer en krijt in printsjes boek út de jierren 50 ,
P is sawat de ienige echte fytser yn Wommels en hij nimt it boek Fietsen mei yn de auto nei hûs.
Foar F is lêzen ek gjin feessie en hij krijt dan ek in lyts boekje (in dwerslizzer liket tapaslik) om te begjinnen.
De ferwachting is dat yn maaie dit lêsfoer op is.
Kantine
Tongersdeitejûn is nei it trainen de kantine wer iepen. Pieter Sijtsma sil de bar behere en elkenien foarsjen fan hapkes en snapkes.

Harsens derby (2378)
Ho!
A simply incredible goal in Paraguay yesterday.
The striker missed the penalty and then the opposition player smashed it into his face for the goal.
Incredible 😂😂😂 pic.twitter.com/aP9E9ssYME
— Out of Context Football Manager (@nocontextfm1) April 13, 2026




