Sneon 11-10-2025
10 oktober 2025Weppers woansdei 15-10-2025
15 oktober 2025Gjin foto’s
Spitich genôch hawwe wy dit wykein gjin teamfoto’s en/of spilersfoto’s binnen krigen. Dan nije wike mar.
Twa nul foar en twa twa einigje
SDS 4 koe krekt net winne fan Aldegea 1. Frans Veldmans fan Aldegea makke in ferslach en hy makke foto’s
Jim kinne it hjir sjen
Niels Jansen
Niels Jansen koe sneon net balje by SDS 4, want hy die mei oan de Slachterin yn Wommels en gie de heale maraton drafen. Dit gie as in spear en hy wie nei 1 oere en 52 minuten al binnen en beslúte mar efkes by SDS 3 – NOK 4 sjen te gean. Doe’t de spilers fan SDS 4 him seagen rôppen sy him lyk om syn fuotbalskuon op te heljen. Miskien koe der noch wol efkes meidwaan. Dat koe seker. Hy foel yn en makke sels noch 2 goals. De wedstriid eindige yn 3-3 en Niels wie de man fan de wedstriid.
Wa hat Arnout syn tas?
Sa no en dan bard it noch wolris dat ien in oar syn SDS-tas per ûngelok meinimt. Meast bard dit nei in besyk oan de sporthal. Sneon stie tas nûmer 23 by de sporthal, mar wie de tas mei AM (Arnout Meijer) poater. Wa ’t syn tas mei keeperswanten meinaam hat mei wol efkes kontakt sykje mei Arnout: 06-11258574.

ST SDS/Nijland JO19-1
De JO19-1 wûn sneon mei 2-0 by LSC JO19-2 en slúte de earste fase sa kreas ôf. Sy dienen dat yn de folgende opstelling:

SDS-Oktoberfest
Sneon 25 okotober stiet de kantine wer op de kop. Nei SDS 1 – Heeg 1 en SDS 2 -Blauw-Wit ’34 3 giet it dak der ôf mei DJ Felipe. Jim binne allegear fan herte wolkom.

Harsens derby (2331)
Ho!
I’ve watched this about 10 times pic.twitter.com/sCRpRIiR4f
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) October 12, 2025


