Weppers moandei 12-2-2024

Fotobyldferslach fan WPB 1 – SDS 1
11 februari 2024
SDS-League: ‘FC Munnaps’ pakt de wykpriis!
13 februari 2024

Yn de LC

Yn de Ljouwerter Krante fan hjoed in wiidweidich ferslach fan de degradaasjekreaker fan ôfrûne sneon tusken SDS 1 en WPB 1 (sjoch hjir).
Om it te lêzen sjoch hjir en hjir

Greidhoekederby

Sneon stiet de Greidhoekederby Nijland 1 – SDS 1 foar de tredde kear op it programma. Earder soe it om 14.00 oere begjinne, mar de wedstriid is no fêststeld op 14.30 oere. As it trochgiet fansels.

Wereldgoal

Neffens ûnbetroubere bronnen makke de webmaster sûnder burd sneon best in aardige goal foar SDS 4 tsjin ONS 3. Neffens Dennis Dijkstra meitsje je sa ’n moaie goal mar ien kear yn de 25 jier. De webmaster spitich genôch mar ien kear yn de 48 jier…..

Beker

SDS 2 sit noch altiten yn de beker. Sy sitte by de lêste 16 en meie it sneon opnimme tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2 om 12.30 oere yn Ljouwert.

SDS 18+3

It programma is noch altiten net bekend foar de 7×7-teams, mar de seleksje foar SDS 18+3 7×7 is ynmiddels al bekend. Dit wurdt him:
Bouke Fopma
Harm Vink
Tjeerd de Vries
Jelle de Vries
Pieter de Vries
Kees Sandstra
Allert Turksma
Doede Rients Okkema
Sietse Stoffelsma
Ids de Boer

De nije SDS-League

Ynmiddels binne alle nije teams ynfierd yn de kompjoeter dy’t binnenkommen binne fia de app, de mail, as spraakberjocht, yn Morse-koade ensfh. Sels de ûnlesbere hanskriften binne ûntsifere, dus as alles meisit dan kinne jim hjir moarn de nijste stân ferwachtsje.

Poiesz-aksje

SDS docht wer mei oan de Poiesz-aksje by de Poiesz yn Skearnegoutum. Jim kinne fan 12 febrewaris oant en mei 7 april wer munten sparje kinne foar de klup. Der stiet al in tontsje yn de kantine wêr as je de munten yn dwaan kinne.

Harsens derby (2228)

It kin wêze dat it fjild yn Nijlân sneon in lyts buike hân hat.