Weppers moandei 11-5-2020

Weppers freed 8-5-2020
8 mei 2020
Spulrigels trainen (15 maaie)
13 mei 2020

Wer traine

Dizze wike meie de senioaren ek wer fuotbaltraine fan de regering. Sy moatte al de oardel-meter yn acht hâlde. It is de bedoeling dat SDS 2 op tiisdeitejûn, SDS Vr.1 op woansdeitejûn en SDS 1 op tongersdeitejûn traind. Sy traine 1x per wike. Hjir de spulrigels.

Bidons

Neist de oardel-meterrigel en û.o. it thús douchen is it ek de bedoeling dat elkenien in eigen fleske of bidon drinken mei hat sadat net út mekoars fleske dronken wurdt. Wy sille ris besjen as der miskien ek ergens bidons te krijen binne mei in SDS-logo of sa.

Grut ûnderhâld

Woansdei is der fan 8.00 oere oant 16.00 oere grut ûnderhâld oan it keunstgersfjild.

Hearlijk traind!

De JO13 mocht sneontemoarn traine en hawwe genoten!

SDS Mini-league

Ek de protters fan de Mini-League mochten ferline wike wer los en wienen tige enthousiast.

Net op de tennisbaan!

Mocht der efter de sporthal traind wurde en der bedarret in bal op de tennisbaan, dan net mei fuotbalskuon op de tennisbaan komme. Hjirtroch wurdt de tenisbaan skanseare.

Blauw-Rood ’20

By sc Bolsward hawwe sy besletten om allinnich noch prestaasjeteams op sneon te hawwen en net mear op snein. Hjir is net elkenien it mei iens en no wolle guon in nije sneinsferiening oprjochtsje. Blauw-Rood’20. Dit hat noch wol wat fuotten yn de ierde……….. Sjoch hjir.

Harsens derby (2229)

Hearlijk!