Sneon 8-4-2017
7 april 2017SDS 2 kampioen!!
10 april 2017Opbringst Poiesz aksje
De Poiesz munten aksje sit er wer op en it rissultaat is bekend. Meielkoar hawwe de SDS leden der foar soarge dat er 930 euro bij elkoar sparre is. De jeugd toant de cheque.
Tiisdei los
De sealbollers wolle net graach herinnere wurde oan de nederlaach fan ferline wike. Sij kinne it debakel fan Langwar op tiisdeitejûn fuortwurkje yn de útwedstriid tsjin scBolsward 2. It is in útwedstriid en it begjint om 19.00 oere.
Woansdei los
SDS VR1 moatte woansdeitejûn al wer los. Om 19.00 oere wurdt der ôftrape yn Snits bij ONS Boso VR2. De seleksje, sy’t om 17.45 fuort giet, sjocht er sa út:
Alize, Hester, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Sieta, Sanne Rixt, Christa, Lysanne, Agnes, Janieke en Jeska.
Kilo iel
SDS 4 trof it sneon mar yn Hylpen. Soe wûnen dêr net allinnich de wedstryd fan Hylpen 2 mei 5-3, mar Martijn Rispens wûn by it ferlotsjen ek noch in kilo Hylper ieltsjes.
Topskoarder per gemeente
Yn Littenseradiel binne yn 2017 noch twa amateur fuotbalklups. Yn 2018 giet Oosterlittens nei de gemeente Ljouwert en giet SDS oer nei de “fierstentegrutte” gemeente Súdwest Fryslân. Op VoetbalNederland.nl kinne je per gemeente de topskoarderslist opsykje en dy sjocht er dit jier noch sa út.
De nije Treffer
De nije Treffer is klear en leit (hast) by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems. As alles meisit dan kinne jim mei de Peaske moai yn de tún de nije Treffer lêze.
Harsens derby (1867)
Net allinnich Balotelli hat wolris wat rúzjy mei syn sjurt. Ek Robben kin der wat mei.
Eind goed, al goed! 😅 #fcbbvb pic.twitter.com/SkksM4VTWm
— FOX Sports (@FOXSportsnl) 8 april 2017