Weppers moandei 10-3-2025

Sneon 9 april Kidsrun by sc Heerenveen
10 maart 2025

Pupillen fan de wike


Xander Geertsma en Mika de Jong wiene sneon de pupillen fan de wike

Treytel


Witte jim it noch, Doelman Treytel  fan Feyenoord dy’t in seefûgel út de loft skeat mei in hege bal.
Echt ûnbegryplik dat der sneon net in fûgel rekke is

Flagge omheech

Ek ûnbegryplik is it feit dat in skiedsrjochter net de muoite nimt of better sein net nei syn assistint sjocht  at dy flagget.

Topskoarders yn 4B

Lourens van der Pol skoarde sneon al wer twa kear.
Hoe stiet it der foar mei him yn de topsoarderslist fan 4B. Sjoch hjir.

SDS’ers der op út

Arjan Hallema, Bauke Dijkstra, Sytze Kooistra en Stefan van der Velde gienen dit wykein nei Sunderland – Cardiff City yn it Stadium of Light. It waard 2-1 foar de Sunderlanders.

SDS-League

As alles wat meisit dan komme wy moarntejûn mei de nijste stân fan de SDS-League.

Ynhelje

Woansdeitejûn om 19.00 oere spilet SDS/Nijland JO11-2 thús tsjin Hylpen. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

Kantine

Tongersdeitejûn is fanôf in oer as 20.23 oere de kantine wer iepen. Wilhelm sil elkenien foarsjen fan hapkes en snapkes en fuotbal op ien fan de skermen.

Harsens derby (2301)

Ho!

 

Dit bericht op Instagram bekijken

 

Een bericht gedeeld door Rootz TV ⚽️ (@rootz_tv)

 

Letter miskien wol mear!