Sneon 8-11-2025
7 november 2025Utnoeging SDS-ledengearkomst
11 november 2025SDS-ledengearkomst om 20.30 oere
Tongersdeitejûn is der om 20.30 oere de jierlijkse ledengearkomst fan SDS yn de kantine. Jim binne fan herte wolkom. It is dus net om 20.00 oere sa’t wy earder melden.

Betterskip!
Lourens van der Pol foel sneon út mei in blessure yn de wedstriid SDS 1 – Sleat 1. Pupil fan de wike Jelmer Boonstra hie begrutsen mei him en brocht him snein in moaie tekening.

Auke Boomsma topskoarder
Nei de produktive doelpuntensneon komt er wat tekening yn de striid om topskoarder fan SDS te wurden.
Auke Boomsma is de koprinner en mei in fjouwerklapper is Pieter van der Valk op it twadde plakje telâne kommen.
Sjoch hjir de hiele list
SDS-League
Moarn kinne jim hjir yn de rin fan de dei de nijste stân fan de SDS-League fine.

SDS-enkête
Net ferjitte om de SDS-enkête yn te fullen. Klik hjir.
Wy hawwe ynmiddels 12 binnen. Hjir kinne noch wol wat by.
Harsens derby (2341)
Hjoed in klassiker fan Dean Saunders.
Dean Saunders scoring one of the cheekiest goals in football history pic.twitter.com/08wXLwchUA
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) November 7, 2025


