Sneon 30-8-2025
29 augustus 2025Weppers tongersdei 4-9-2025
4 september 2025Sokken
Der binne goeie en der binne ferkearde SDS sokken. Dizze sok mei dat lange wite stik is ferkeard. Wij sjogge se hjir en dêr al yn it fjild.
Gewoan sa trochgean noch is it beste mar der komt in momint dat jim se ynwikselje kinne foar de nije mei de goeie kleur
Jim hear der mear fan op in letter momint.
Sneu foar Floris
It fuotbalseizoen is wer begong en Floris Hiemstra rekkene der op dat syn kofjematen sneontemoarn om 10 oere wer yn de kantine komme om bij te praten.
Neat fan dat alles. De trije oare hearen hiene op harren manier oare drokten.
Dat wie wol wat sneu foar Floris want hij hie sels gefulde koeken meinommen……
Benijd at se oare kear wol wer bij him sitte meie of dat hij oare maten fûn hat.
Alvetalfoto’s
Ferline seizoen hawwe wij der it hiele seizoen oer dien om fan alle alvetallen in teamfoto op de side te setten.
Doe wie it noch lang net klear ……
No nei ien sneon hawwe wij der al trije binnen. At it sa troch giet, is it novimber klear……
Sjoch hjir .
Fergees nei sc Heerenveen – NEC

Klik hjir om in kaartsje te reserveren. Der binne noch 7 kaartsjes te ferjaan.
SDS-League
De transferperioade sit der hast wer op en dat betsjut dat wy hast wer los kinne mei de SDS-League. Wy hoopje woansdei of tongersdei de dielnimmersformulieren klear te hawwen.
Jim hawwe dan oant freed 12 septimber 20.00 oere om je nije team yn te leverjen.

Logo
Jurjen Eringa kaam by in kwis oer fuotballogo’s in opfallend logo tsjin fan FC Thisted út Denemarken. Hawwe sy no it SDS-logo blau oerspuite?

Keunstgers
Mocht it keunstgersfjild yn Easterein yn de takomst no ôfkeurd wurde dan kin it altiten noch brûkt wurde as camperplak……..

Boudewijn Kramer stie yn Sweden mei de camper moai yn it doelgebiet…
Harsens derby (2320)
Allememachies!
That’s the greatest comeback from a keeper you’ll ever see pic.twitter.com/Kyf5XRL0r1
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) August 29, 2025



