Weppers tiisdei 2-7-2024

EK-League 1-7-2024
1 juli 2024
EK-League 2-7-2024
2 juli 2024

Nije stân SDS EK-League

Daliks rûn 12.03 oere kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS EK-League fine.

Wommels 35+ wint fan Nijlân 35+

Yn Wommels waard op it skopfjild ôfrûne sneontejûn balle tusken Wommels 35+ en Nijlân 35+ 7 tsjin 7.
De wedstriid soe fansels op de Terp spile wurde, mar dy wie ûnbespylber.
De seleksje fan Wommels seach der sa út:
1 Cor vd B.
2 Gerrit F.
3 Hendik E.
4 Willem W.
5 Teade de B.
6 Jan S.
7 Jaap T. (op goal)
8 Ate de B.
9 Tjipke O.
10 Jesse vd W.
Der koe omklaaid wurde yn de Jimbar en hjirnei gienen de matadoaren rinnende nei it skopfjild. De mannen fan Wommels fansels mei de flagge fan Wommels om harren skouders.
Wommels wie yn it foardiel mei dizze thúswedstriid en dêrom wie der foar keazen om Nijlanner Wieger-Pieter Boonstra de wedstriid fluitsje te litten.
By sa’n wedstriid ferwachtsje dat der lju binne mei in hierbân om de holle om’t dat tige chill is, mar boppe de 35 binne der net folle dy’t noch in hierbân nedich hawwe….
Al wie der ien mei in Depay-prúk….
Nei in koarte warming-up gie de wedstriid los.
In man as 20 publyk seach Nijlân al gau op foarsprong kommen. Wêr ’t de blautsjes meast by in 1-0 foarsprong efteroer leune kinne en de 5-1-opstelling mei de bus foar de goal fan stâl helje, sloech Wommels harren no lyk om de earen mei mar leafst 3 goals foar de rêst.
Nei 2 drinkpauzes en in rêststân fan 3-1 foar Wommels gie de twadde helte los. Ynmiddels kaam der hieltiten mear publyk op de wedstriid ôf.
It tempo sakke dúdlik en by Wommels sette Ate Feike de Boer syn befaamde crosspass yn. Oftewol in lange pass fanôf loftsefter oer 40 meter……….yn de feart….
Nei noch in drinkpauze en 2 balyndefeartpauzes sloech Nijland dochs noch ta en waard it noch 3-3.
Mei noch in pear minuten op de klok en in slakketempo like it der net op dat der noch skoord wurde soe.
En dan binne guon op harren bêst. It wie Teade de Boer dy’t tûk syn hiele gewicht yn in skot lei en Jan ‘Pipo’ Stenekes de bal noch fan rjochting feroare koe, sadat de bal mei in slakkegang efter de keeper fan Nijlân rolle. 4-3 en in minút letter wie it dien.
Anne Brouwer soarge foar wat hapkes en snapkes, dus it bleaun noch efkes ûnrêstich op it skopfjild wêrnei der ôfpilst wurde koe yn de Jimbar.
Hjir hold Ate Feike de Boer nei Dútslân – Denemarken in speech wêr by Jan Stenekes de ‘Voltooid Leven’-bokaal wûn mei tank oan syn winnende goal en syn ôfwêzichheid yn de tredde helte.
Al mei al in slagge jûn dy’t no al foar werhelling fetber is!
Wat ús oanbelanget is der in nije tradysje berne.

Beide seleksjes posere nei de wedstriid foar de Jimbar.


De ‘Voltooid Leven-bokaal’ wie terjochte foar Jan Stenekes.

AZ MO17 – FC Groningen MO17

Woansdei 26 juny spilen op miskien wol de waarmste dei fan it jier AZ MO17 tsjin FC Groningen MO17 yn Easterein. Skiedsrjochter wie ús eigen Auke Eringa en hy makke in alderaardichste oefenwedstriid mei. Der waard 3x 30 minuten fuotballe. It wie al gau dúdlik dat dizze froulju knap fuotbalje kinne. It waard úteinlik 2-2 mei oan beide kanten in wereldgoal. Foaral it knappe posysjespul mocht der wêze. Auke Eringa seach him de eagen út lit hy witte. Spitigernôch net folle taskôgers út Easterein en omkriten, mar der wienen wol genoch âlders út Alkmaar en Grins. Wat Auke oanbelamget kin it wol wer ris.
Op dizze link kinne je de dizze wike alle foto’s noch besjen.

Auke Eringa fluite de oefenwedstriid en Meike Overwyk mocht de ôftraap dwaan. Der wienen noch mear SDS-pupillen fan de wike.

Der hienen mear taskôgers by past.

Beide ploegen lieten knap posysjespul sjen.

En 2 wereldgoals.
(mei tank oan Auke Eringa en Ver de Vries)

Kompetysje-yndieling SDS 1

As it goed is dan makket de KNVB freed bekend by wa’t SDS 1 folgend seizoen yn de kompetysje sit. Mei SDS 1 De Bildhoeke yn of wurdt it de polder?

SDS-League

Dizze wike is it jild fan de foarige SDS-League ôfskreaun. Y.f.m. ferfelende privé-omstannichheden barde dit wat letter as normaal.

Pake Auke

SDS-skiedsrjochter Auke Eringa is pake wurden! Fan herte lokwinske!

In fitte jonge pake

Harsens derby (2256)

Wy sjogge Nederlân jûn wol winnen fan Roemenië. Keeper Verbruggen sil dan al mei nei foaren moatte 😉

 

 

Letter miskien noch wol mear!