Sparje mei foar SDS!
30 november 2025SDS-League: FC Hallema pakt de wykpriis!
3 december 2025Nije SDS-jeugdgids
De nijste SDS-jeugdgids kinne jim hjir lêze:
Jeugdgids vv SDS fersje 2025
Balje
Woansdei ballet SDS/Nijland JO19-1 thús om 20.00 oere tsjin LSC JO19-1. Sy skinne wol wat stipe brûke, mar lit it fjoerwurk mar thús. 😉
Oefenje
SDS 1 spilet sneon syn lêste kompetysjewedstriid foar de winterstop út tsjin Oudehaske. Op tiisdei 16 desimber oefenje se dan noch ris út tsjin Wolvega en dan hawwe sy winterstop.
De earste kompetysjewedstriid foar SDS nei de winterstop is op sneon 31 jannewaris yn Starum tsjin QVC 1.
Stenekes
Ofrûne sneon siet SDS 4 wat krap yn de fuotballers foar de wedstriid út tsjin GAVC. Moarns melde noch ien him siik, mar lokkich koe Jorrit Veldman noch oanslúte. Sawol Jan as Anne Stenekes hienen noch lêst fan de wedstriid fan de wyks der foar. Beide wienen noch stiif en stienen net foar 90 minuten yn. Om’t der noch mar ien fitte wissel wie moast ien fan beiden oan de wedstriid begjinne. Anne twifele, mar seach it úteinlik net sitten. Hy rûn nei Jorrit ta om te sizzen dat hy begjinne mocht oan de wedstriid. Hy wie allinnich krekt te let……….. By broer Jan skeat it yn it boppebil by in skot yn de warming-up mei links….. Blykber wie hy krekt wat earder by Jorrit…. Anne mocht 90 minuten balje en Jan rjochtet him op de wedstriid fan 13 desimber.
SDS-League
Woansdei hope wy mei de nijste stân te kommen. Sa’t wy de punten fan Ajax – FC Groningen ek meinimme kinne…..

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2349)
‘Tikkie werom, Jaap!’
He was about to score the goal of his life… then actually did score the goal of his life — into his own net pic.twitter.com/mnn70nof3N
— PurelyFootball ℗ (@PurelyFootball) November 29, 2025

