Weppers moandei 1-11

Weppers snein 31-10
30 oktober 2010
Weppers tiisdei 2-11
2 november 2010

Roubannen
SDS 6 hat sneon nei 1 minút stilte ûnder lieding fan sjiedsrjochter Friso mei roubannen om spile tsjin Leeuwarder Zwaluwen 6.  Opmerklik wie ek dat de earste 5 minuten op it B-fjild spile binne en de rest op it A-fjild.

Eddy ’s knibbel
Eddy Visser kaam sneon noch efkes yn de kantine om sjen te litten dat it goed mei him giet. Hy rûn sûnder krukken mar de knibbel wie sa ynpakt dat der dy net bewege koe.
De knibbel is út it potsje west en die ha se yn it sikenhûs der wer ynsetten. Dit die ferrekte sear, ek foar mem……..

SDS Da-2 ferslach
Foarige wike sneon wûnen de froulju fan SDS Da-2 mei mar leafst 6-0 út fan Makkum. Antsje Stenekes makke in ferslach, mar by it ferstjoeren gie der wat mis. Jim kinne it
hjir no dochs noch lêze.

Nij lid
SDS 1 seal hat der in fuotballer by. Jelle de Boer fan Boalsert like it wol aardich om by SDS yn de seal te fuotbaljen. Hy spile jierren foar CAB yn de seal en hat op it fjild spile by CAB 1 en Zeerobben 1. Syn omkesizzer Sjoerd de Boer spilet yn E3.

VI-kwis
Hjir in VI-kwis oer spitsen dy ’t in noaske foar de goal hawwe.

Harsens derby (321)
Dit moat ek kinne mei it hier fan ien fan de wepmasters of mei dat burd: