Weppers freed 9-3-2018

SDS-League: ‘Pablo Rispens’ en ‘FC REJO’ pakke in wykpriis!
8 maart 2018
Sneon 10-3-2018
9 maart 2018

SDS 1 let op de middei

Sneontemiddei om 17.00 oere sil de seleksje fan SDS 1 oantrede tsjin Willemsoord 1. Dizze ploech út Oerisel hat lykas SDS 17 punten. Dit binne de selektearden:

Bauke Dijkstra, Erik Haitsma, Ewout de Boer, Frank Bervoets,  Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop,  Jaap Toering, Jacob Klaas Haitsma,  Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma, Pieter Sytsma, Remco Hylkema en Wiebe Heeres.

SDS 2 nei de ouwe seunen

Om 13.00 oere begjint yn Harns de wedstriid Zeerobben 2 – SDS 2. Mei dizze seleksje oan SDS side:
Hendrik, Gertjan, Anne Stenekes, Bote Strikwerda,  Feite de Haan,  Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Jort Strikwerda,  Jurjen Los,  Lieuwe Vriesema,  Sjoerd de Vries, Tjeerd de Vries, Wiebe Vellenga.
Flagger; Klaas de Haan
Riders: Boudewijn, Anne, Lieuwe, Tjeerd
Fertrek: 11.30 oere

SDS 3 tsjin it oranje fan VVI

Yn Jidskenhuzen meitsje  se harren op foar de komt fan SDS 3. It ûntfangstkomitee sil om goed 12 oere al klearstean om dizze wolkom te hjitten:

Harm D, Ype, Gerlof Jan, Gert Jan, Hans, Ids, Jan Simon, Jeroen, Pieter K, Robert, Tjeerd, Willem, Ronny en Wichard.

SDS 4 thús foar in soad publyk?

It kin hast net oars dan dat er dochs noch minsken binne dy’t sneontemiddei tsjin healwei trijen nei it sportpark komme en fernuvere sjen sille nei de swartwiten fan SDS. Sij sille harren ôffreegje hoe’t it mooglik is dat KB en Rick yn it fjild stean en net Erik  en Jacob.
SDS 4 kin dêrtroch rekkenje op in protte taskôgers tinke wij en wij freegje ús ôf at se dêr oer kinne. Scharnegoutum 3 is de tsjinstanner. Dit binne de 14.30 oere artysten:

Wouterjan, Allert, Johan, Igor, Remon, Tseard, Steffen, KB, Jelle, Rick, Doede douwe, Martijn, Andries, Sytse, Peter en Wietse.

SDS VR 1

Sint Pieter hat Grou krekt lyn oandien en waard hertlik wolkom hjitten en no meitsje de froulju fan SDS harren opwachting yn it doarp oan de Pikmar en it fjild oan de A32.  De seleksje sille optrede om 14.30 oere:

Marjo, Tjitske, Seriete, Richtje, Kirsten, Sanne, Lysanne, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Janieke en Alissa.

Coach: Stefan
Assistent coach: Jesse
Flagger: Pake fan Jesse

Efkes Balje

Nei twa wiken rêst (winter, wintersport) sille de Efkes Ballers jûn wer los. Om 19.30 oant twa winnende doelpunten nei 20.30 oere.

Der op út

SDS 3 hat sneon it jierlikse “der op út” útsje. Wêr’t de reis hinne giet? It sil wol bowlen wurde…..

Mei SDS 1 nei Bant!

SDS 1 sil nije wike sneon wer ris yn de bus nei in útwedstryd. Dit kear nei Bant. Wolle je ek mei as supporter mail dan nei info@vv-sds.nl of sjit foarsitter Willem Wijnia efkes oan. Foar €5,- kinne je al mei.

SDS-ers der op ut


Dit wykein wie de wedstriid Barcelona – Atletico Madrid (1-0) Dat barde allegear ûnder de tasjende eagen fan Henk Postma. Hij wie der mei broer Mark en Johan en mei Bram van Beem.

Poiesz-jeugdsponseraksje

De bus wêr as de Poiesz-munten yn kinne stiet ek yn de kantine.

Harsens derby (1993)

Wat in redding!!