Weppers freed 9-2-2024

Al foar 10 euries nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles
8 februari 2024
Sneon 10-2-2024
9 februari 2024

Ynleverje SDS-League

Jim hawwe noch oant jûn 20.00 oere om jim nije team foar de SDS-League yn te leverjen. Ynmiddels hawwe wy sa’n 40% fan de teams binnen, dus it sil lykas op de lêste dei fan de transfermerke hjoed wol wer in gekkenboel wurde. Kom mar op mei dy teams!

SDS 1 op puntenjacht

SDS 1 moat sneon oer folgjende horde hinne om punten bijelkoar te fuotbaljen.
WPB 1 moat de dupe wurde fan de diedendrang.
Om 14.30 oere kinne jim it sjen yn Snits op it Skuttersfjild.
Ten minste as it fjild om 10.00 oere goedkeurd wurdt.
Dizze seleksje hat dan om 12.45 oere de wedstriidbesprekking:
Jaap
Mark
Luuk
Jelte-Pieter
Remco
Erik
Gerbrand
Niels H.
Robin
Matthijs
Douwe Jan
Jelmer B.
Wierd
Peter
Lourens
Stan
Kevin

SDS 2 sjocht omheech

Foar SDS 2 is Minnertsga 2 noch binnen berik. Mar dan moatte der wol trije punten helle wurde.
Om 14.30 oer is it te sjen yn Easterein
De seleksje:
1 Lieuwe
2 Jelte
3 Anne
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Wessel S
8 Ate
9 Jens
10 Bote
11 Jochem
12 Redmer
13 Tom
14 Sietze
15

SDS 3 woe mear as 0-0, mar is frij…..

De tsjinstanner fan SDS 3 soe Mulier 2 wêze.  Dy hawwe 4 punten mear. Om it gat te slochtsjen soenen wij trije punten oan sjen komme foar SDS 3.
Spitich genôch giet de wedstriid net troch, want Mulier 2 hat te min spilers.

SDS 4 fol motivaasje nei Snits

SDS 4 moat nei Snits om tsjin ONS 3 oan te treden. Dy tsjinstanner moat gewoan ekstra mitivaasje oproppe wat ús oangiet. Om 14.30 kinne jim der tsjûge fan wêze op it Sudersportpark.
De seleksje: Gjelt, Klaas, Willem, Dennis, Tjeerd, Feite, Jan-Simon, Jildert H, Frank, Mark, Niels J, Ronny, Ids en Michael.

Poiesz-aksje

SDS is wer ynlotten foar de Poiesz-aksje by de Poiesz yn Skearnegoutum. Dat betsjut dat wy fan 12 febrewaris oant en mei 7 april wer munten sparje kinne foar de klup. Ynkoarten komt der wer in tontsje yn de kantine te stean wêr as je de munten yn dwaan kinne.

SDS-FIFA-toernoai op 15 maart

Op freed 15 maart sil der by SDS wer in SDS-FIFA-toernoai plakfine yn de SDS-kantine. Dit is foar de mini’s oant de JO13. De opjefte fynt plak fanôf 1 maart. Hâld de webside goed yn de gaten.
It SDS-FIFA-toernoai wurdt wer mei mooglik makke troch WD-Sat.

Harsens derby (2227)

Ho!