Weppers tongersdei 8-2-2018
8 februari 2018De nije SDS-League!
9 februari 2018SDS 1 – QVC 1
Sneon mei SDS besykje de punten thús te hâlden. QVC 1, ek ien fan de ploegen dy’t ûnderoan hinget, komt op besite. De seleksje moat er om 13.00 oere wêze en de taskôgers om 14.30 oere.
Dit is de seleksje: Bauke, Ewout, Frank, Gerwin, Habtamu, Jaap, Jacob Klaas, Jelmer, Lourens, Marco, Mattjijs, Pieter, Peter, Wiebe
Wykels Hallum 2 – SDS 2
Om 13.00 oere reizget SDS 2 ôf nei Hallum. Om 14.30 sil dizze seleksje fuotbalje:
Gertjan, Anne, Bote, Dirk, Feite, Hendrik, Jildert, Jort, Jurjen, Lieuwe, Sjoerd, Tjeerd, Wiebe, Willem.
Mildam VR1 – SDS Vr1
Nei it bekeravontoer yn de polder giet SDS VR1 fierder yn de kompetysje. Om 13.00 sette se ôf om 14.30 gean se fuotbaljen:
Marjo, Tjitske, Seriete, Richtje, Kirsten, Sanne, Lysanne, Gerry-Edou, Hester, Sieta, Agnes, Geeske, Janieke en Alissa.
Coach: Bertus
Flagger: Luke Postma
SDS 4
Op it programma stiet dat sij thús om 14.30 tsjin Oudega 2 spylje. At dat echt plakfynt is ôfwachtsjen bij dit team. De “gietnettrochfirus”is noch net út de buert….Dizze jonges sitte yn spanning: Tseard, Thomas, Johan, Doede S, Rick, Sytse, Jelmer, Steffen, WiFi, Andries, Peter en DDK
SDS 3
Om 12.30 yn de haadstêd fan ús gemeente de wedstriid ONS 4 – SDS 3.
Programma
It folsleine programma fan sneon is yn it menu te finen bij Wedstriden.
Standen
Foar hast alle teams begjint in nije kompetysje. Foar in pear is der al in ranglist. Sjoch hjir hoe’t it bij jim favorite team is
Primeur?
It is sneon noch net sa fier, mar SDS MO15-1 liket in primeur te hawwen bij SDS. Want wij kinne it ús net herinnerje at er ea in ploechje nei Flylân west hat te fuotbaljen. Dit foarjier stiet op it programma Vlielandse Sport Vereniging ’31 MO 15-1 – SDS MO 15-1
Bliid wêze
It is betiden tryst om te sjen op hokker wize in doelpunt fierd wurdt troch in doelpuntenmakker. Wij seagen it absolute djiptepunt en hichtepunt dizze wike.
VTOC
VTOC is it Voetbal Totaal Opleidingscentrum foar jeugd fan 6 oan 15 jier. Sij jouwe hjir en dêr betelle trainingen. Ynkoarten is der sa’n trainingssessy bij Mulier yn Wytmarsum. Jim kinne der mear oer lêze troch op it affysje te klikken
Harsens derby (1985)
As je by Barcelona keepe moatte je altiten je harsens derby hâlde………… en wat gelok hawwe………