Weppers freed 9-1-2026

Gjin trainen op it keunstgêrs y.f.m. ôfbrutsen ljochtmêst…..
8 januari 2026
Gjin trainen op it keunstgêrs y.f.m. ôfbrutsen ljochtmêst…..
8 januari 2026

Ljochtmêst ôfbrutsen

Der kin foarearst net traind wurde op it keunstgers. Ien fan de ljochtmêsten is ôfrûne wike ôfbrutsen. Woansdei wurde de oare 5 mêsten keurd. Sa lang kin der sawisa net op it keunstgers traind wurde.

Finales OFK gean net troch

Moarn soenen de finales fan it OFK yn Frjentsjer wêze. Troch de waarsomstannicheden kin dit spitich genôch net troch gean.

Sniefrij meitsje

Sc Heerenveen wol snein graach thús balje tsjin Feyenoord. Dan moatte sy noch al in kear traine. Frijwilligers binne dêrom drok dwaande om Skoatterwâld sniefrij te meitsjen. Dêrnei sille sy  it haadfjild yn it Abe-Lenstrastadion ek sniefrij meitsje.

Jesse van der Weide en Douwe Kooistra hawwe efkes pypskoft.

Net ynhelje

SDS 3 en 4 soenen moarn in ynhelwedstriid hawwe, mar de KNVB hat al it amateurfuotbal ôflast.

Sealbalje

SDS 2 soe jûn yn de sporthal yn Easterein efkes balje, mar dat giet net troch y.f.m. de bult snie op it dak fan de sporthal.
Sy sille it no woansdeitejûn probearje fan 21:15 oere oant 22:15 oere.

Sparje foar SDS

Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2355)

No mar hoopje dat it snein net snijt……