Weppers freed 8-12-2023

Wurd ek klupskiedsrjochter!
5 december 2023
Sneon 9-12-2023
8 december 2023

SDS 1 – S.V. Oosterwolde 1

Kin SDS 1 de lêste thúswedstriid  yn dit kalinderjier goed ôfslute?
Dat is de fraach dy’t it folk yn Wommels East en Easterein West dwaande hâldt hjoed en moarn.
Noch ien kear foarkomme en de foarsprong net út hannen jaan, dat soe wat wêze.
Dizze seleksje sil it dwaan moatte fanôf 15.00 oere:
Gert-Jan Hiemstra
Bauke Dijkstra
Douwe-Jan Vellinga
Erik Haitsma
Gerbrand Kramer
Jelte-Pieter Dijkstra
Lourens van der Pol
Matthijs Postma
Niels Hiemstra
Peter Hoogerwerf
Remco Hijlkema
Sietze Stoffelsma
Stan Korbach
Wierd Hofstra

SDS 1

Foarsizzing SDS 1

Yn de foarsizzingen fan deskundigen yn de LC fan freed sjogge wij no al dat it net útkomt…….

FVC 2 – SDS 2

Om 14.15 yn ús haadstêd de wedstriid FVC 2 – SDS 2. De stedtsjes hawwe 10 punten mear en dêr moat wat oan dien wurde.
Dizze seleksje fertrekt moarn om 12.45 oere út Easterein:
1. Kevin
2. Robin
3. Arjen?
4. Jurjen
5. Wessel S
6. Tom
7. Steven
8. Wessel w
9. Jeffrey
10. Tim
11. Anne
12. Redmer
13. Lieuwe
14. Jelmer B

Ynhelje

SDS 2 soe nije wike sneon ynhelje tsjin GAVC 2, mar de wedstriid is fersetten nei sneon 13 jannewaris.

Waterpoort Boys 5 – SDS 3

De Boys hawwe iets mear punten en om it allegear wat yn lykwicht te lûken meie wij der fan útgean dat SDS 3 der alles oan dwaan sil om trije punten oan it eigen totaal ta te foegen.
De seleksje dy’t om 14.30 oere der klear foar is en om 13.30 oere út Easterein fertrekt:
Aiso, Jorrit E, Jildert, Wiltsje, Gerben, Michael, Leon, Harm, Ate, Doede-Rients, Jasper(2e helte), Jochem, Rutger en Jorrit V.

SDS 4 – Oeverzwaluwen 3

Is SDS 4 de “9-1 klap” tsjin TOP 63  te boppe? Stean de noazen noch de selde kant út of wie dat mar in insidint .
Dizze seleksje sil it sneon om 14.30 oere sjen litte moatte en sammelt om 13.45 oere yn de boks:
Jelte, Jan-Simon, Feite, Klaas, Dennis, Sije, Jildert, Ronny, Peter, Mark, Tjeerd, Gjelt en Willem(3e helte).

Ofkoarting

Wij seagen wer in prachtige ôfkoarting fan in eardere fuotbalklup. Foaral hoe’t it begong en wat it wurden is

SDS-League

Alle punten fan de ôfrûne wike komme op ien bult en dêr rûchelt moandei in wykpriiswinner út. Wy binne hiel benijd.

Coachjassen

De nije Coachjassen foar de lieders binne der. Elkenien kin de jassen ophelje. No sneontemiddei fanôf 13.00 oere oant 16.30 oere en woansdei 13 desimber en tongersdei 14 desimber fan 19.00 oant 20.30 oere by it ballenhok op sportpark de Skoalleseize.

Oprop

Klaverjasmiddei sneon 16 desimber

Harsens derby (2211)

Ho…..