Weppers woansdei 6-11-2019
6 november 2019Sneon 9-11-2019
8 november 2019Tonego 1 – SDS 1
De reis fan SDS giet dizze kear nei Luttelgeest yn de polder. Tonego 1 is de tsjinstanner. De gasthearen hawwe 5 punten, SDS hat er 11, dus…… De wedstriid begjint om 14.30 oere.
De seleksje: Jaap, Bauke, Erik, Gerwin, Jacob-Klaas, Lourens, Luuk, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven, Wiebe en Wierd.
ST Dronrijp/Foarút VR1 – SDS VR1
Om 15.00 oere op Schatzenburg de wedstriid fan de grutske koprinner fan SDS 1 tsjin de froulju út Dronryp en Menaam.
De seleksje fertrekt om 13.30 oere: Alissa, Dina, Esther, Femke, Froukje, Gerry Edou, Hester, Jildou, Jeska, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Sieta, Sietske en Seriette.
Heeg 2 – SDS 2
Om 12.15 trede twa ploegen oan dy’t beide 10 punten ha en in gelyk doelsaldo fan 1. Dus……
Dizze seleksje fertrekt om 10.45 oere út Easterein; Sjoerd W, Frank, Arjen, Dirk, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sjoerd de V, Tjeerd, Wesley, en Wietze.
SDS 3 – ST Arum-Stormvogels 2
De gasten sitte mooglik noch net echt yn in ritme. Wij binne novimber en sij hawwe 2 wedstriden spile en 3 punten helle. SDS 3 hat 4 wedstriden spile en 9 punten. Dus…..
De seleksje: Marten, Anne, Cor, Haije-Jan, Hendrik, Inne, Jelmer, Jildert, Mark, Pieter, Piter, Sjoerd, Skelte, Watze-Jacob, Willem en Yward(1/2).
Johan Heerma flagget.
SDS 4 – SWZ Boso Sneek 2
SDS 4 stiet ta harren eigen ferrassing gewoan op it tredde plak. Kinne se mei de druk omgean om dat ek fêst te hâlden? SWZ Boso Sneek 2 sil der alles oan dwaan om de punten mei te nimmen nei de stêd. De seleksje: [5-11 12:05] Arjan Hallama: Aanwezig
[5-11 12:21] Johannes Abma: Aan
[5-11 12:37] Allert Turksma: Aan
[5-11 13:12] Sytse hibma: Aanwezig
[5-11 13:22] Eeltje Postma: Aan
[5-11 13:32] Doede Sijsling: Aan
[5-11 17:38] Peter Stuiver: Aanwezig
[5-11 17:58] Johannes Abma: Yesss klasse paddo
[7-11 17:09] Jelmer Brouwer: Aan
[7-11 19:53] Doede Rients Okkema: Ik tink dat ik der wol bin!👌🏻
[7-11 19:56] Ralph: Aanwezig
Broer J
Bouke Fopma eerste helft
Doede-Douwe
Stijn
SDS 5
SDS 5 mei nei de striid tsjin sc Bolsward noch in wykje bekomme en genietsje fan harren liedende posysje yn harren klasse.
G.n.t.
SDS JO19-2 hat sneon te min minsken en kin spitich genôch net fuotbalje.
Easterein Rocks
Moarntejûn kinne jim yn Kafé Bergsma genietsje fan de sjong- en spyltalinten fan guon SDS’ers. De muoite wurdich tochten wy sa om efkes om it hoekje te sjen!
Harsens derby (2177)
Net te hâlden, sa ’n bal!
When you ask your dad’s mate to go in goal…..😂
(🎥 Kierzo89)#SundayLeague pic.twitter.com/9AiGcM5bVz— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) November 3, 2019