SDS-League: Twa wykpriiswinners
5 november 2025Sneon 8-11-2025
7 november 2025SDS-enkête
Net ferjitte om de SDS-enkête yn te fullen. Klik hjir.
Wy hawwe ynmiddels 9 binnen. Hjir kinne noch wol wat by.
SDS 1
SDS 1 – Sleat 1 (14.30 oere)
De earste kear dat SDS en Sleat yn Easterein tsjinoerelkoar stiene wie yn it seizoen 1964-1965. It waard in gelykspul: 1-1
Dêrnei wiene der 9 wedstriden wêrfan de lêste yn it seizoen 1993-`1994. It waard doe 2-1 foar SDS (doelpunten Robert Sijbesma en Gerrit Terpstra) , in útslach wêr’t wij sneon tige tefreden mei wêze kinne. Sleat is koprinner en mei twa flink skoarende spilers ( Maurits en Kellen) ferwachtsje wij seker gjin 0-0 wedstriid.
Seleksje:
Mark
Jorrit
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Jelte-Pieter
Robin
Matthijs
Gerbrand
Pieter
Jelmer
Daniel
Wytze
Ate
Lourens
Kees
SDS 2 – vv Sneek Wit-Zwart 3 (14.30 oere)
SDS 2 stiet hast ûnderoan, mar de Snitsers steane hielendal ûnderoan. Mar dy hawwe wol twa wedstriden minder spile.
Seleksje:
1. Arjen
2. Auke
3. Bauke
4. Ewout
5. Gjelt
6. Jan Peter (K)
7. Jens
8. Jurjen
9. Kees
10. Redmer
11. Tjitse
12. Wessel S
13. Wessel W
14. Wiebe
Oanwêzich: 13:30 uur
Wedstriid: 14:30 uur
Koach: Jort Strikwerda
Lieder: Jesse van der Weide
Makkum 4 – SDS 3 (12.30 oere)
SDS 3 hat in doelsaldo fan -11, at se dat no in bytsje minder min meitsje dan hawwe se wûn.
Seleksje:
Wiltsje, Milan, Jochem, Joopie, Jorrit V, Arjan, Haije, Gerben, Jorrit, Pieter van der V, Michael, Jelte, Rutger, Aiso, Jente en Jildert H.
vv Sneek Witzwart 5 – SDS 4 (g.n.t.)
Sjoch de tekst bij SDS 2, mei dit ferskil dat SDS 4 twa wedstriden minder spile hat.
Dat bliuwt sa, want der binne mar leafst 6 (grutte en lytse) blessures by SDS 4 en 8 reservereservisten dy’t it net past om sneon te baljen.
Foar nije wike liket alles wer wat better en is it doel om dan al te baljen yn Snits.
Sparje Dy Staasjejildfleskes

Allegear oan de plestik fles foar SDS!
Yn de kantine kinne jim de bak fine wêr as jim plestik fleskes yn meie.
Harsens derby (2340)
As je it sa wolle dan slagget it je net……..
Not once, not twice.. but three times! pic.twitter.com/BC83BcC2dO
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) November 5, 2025



