Weppers tongersdei 6-10-2022
6 oktober 2022Sneon 8-10-2022
8 oktober 2022Kluplotten
Bêste SDS-ers,
Ek dit jier dogge wy as klup wer mei oan ‘De Grote Clubactie’, dy aksje is ynmiddels begûn.
Dat betsjut dat elk senioarenlid (fanôf JO-19) twa lotten krijt. Dizze kinne jim ferkeapje as sels behâlde foar €3 it stik. Fansels bin der elts jier wer leuke prizen te winnen en dêrneist stypje jim SDS.
De papieren lotten krije jim dit wykein as nije wike fan jim lieder, trainer as oanfierder. It jild wat jim krije mei it ferkeapjen fan de lotten, mei jim sels hâlde. Dit jild wurdt mei de kontribusje fan ‘e 2e helte fan it seizoen ferrekene.
Ha jim noch fragen? Lit it dan witte, mail nei: sekretaris@vv-sds.nl as belje/app nei 06-21467278.
Groetnis, Tryntsje
Skriuwster SDS
Wike fan de skiedsrjochter
It is dizze wike de wike fan de skiedsrjochters. Sommige skiedsrjochters sjogge der dan no ek al nei út om moarn by SDS te fluitsjen.
SDS 1 – DWP 1
SDS 1 mei it opnimme tsjin de mannen út Sint Jut. SDS 1 hie in wike frij neidat de wedstriid by Nijlân ferline wike yn it wetter foel. Moarn ris sjen as sy de tried wer oppakke kinne. Al mei al bliuwe der in soad blessures en is it noch passen mjitten.
Dit is de seleksje foar moarn:
Jaap, Frank, Erik, Jelte-Pieter, Gerbrand(?), Matthijs, Kevin, Pieter, Stan, Douwe-Jan, Lourens, Sietse, Wiltsje(?), Wesley, Hendrik en Anco(?).
Balk 2 – SDS 2
Jierren hat SDS 2 net by Balk yn de kompetysje sitten trochdat Balk yn in hegere klasse fuotballe, mar it nivo yn Balk rint wat werom. Wy binne benijd as SDS 2 hjir tsjin opwosken is. De wedstriid yn Balk begjint om 14.45 oere. Dizze seleksje fertrekt om 13.00 oere út Easterein:
Mark, Lieuwe, Robin, Bauke, Eeltsje, Arjen, Jurjen, Wessel S, Wessel W, Tim, Tom, Jort, Jente en Steven.
Sc Franeker 3 – SDS 3
Ferline wike hie SDS 3 noch te min minsken om in alvetal gear te stallen. Dit kear wie it op ‘e nij dreech. Dizze seleksje mei it moarn om 13.00 oere dwaan yn Frjentsjer:
Yward, Anne, Bote, Marten, Jelmer (?), Mark, Watze-Jacob, Inne, Jesse, Kent (2e helte), Jens, Sije en Niels J, Niels H. en Willem(?).
Jildert sil flagje.
Sy fertrekke in oer as 12.00 oere Dit kear mei ballen en sjurts.
SDS 5 – SDS 4
Wat SDS 4 oanbelanget no al dè wedstriid fan it seizoen. De seleksje wie dan ek woansdei al rûn. Dit moat it wurde:
Halbe-Willem, Leon, Wiltsje (?), Michael, Jeffrey, Jorrit, Gerben, Jorrit Veldman, Janpiet, Ate, Aiso, Broer-Jacob(?), Bouke(?) en Remon(?).
SDS 5 – SDS 4
Lieder Harm-Auke Dijkstra hat de mannen fan SDS 5 tasprutsen om te soargjen dat sy elke wike balje kinne en hat lyk in nije oanwinst presinteare. Dennis Dijkstra sil moarn lyk syn optreden meitsje. Soe hy yn de basis begjinne?
De seleksje: Gert-Jan, Harm S, Feite, Robert, Kerst, Ronny, Doede, Peter, Klaas, Dirk-Yde, Jan-Simon, Syb, Jentsje en Dennis.
Daan sil flagje.
13.45 boks
14.30 balje
16.30 bierke (mei 3 punten)
DJ Jan Bouke
DJ Jan-Bouke sil moarn nei de tiid alles oanelkoar draaie. Der mei dûnse wurde!
Omfallen
By SDS hawwe wy it op it stuit dreech om de seleksjes by de senioaren op sneon rûn te krijen. Wy binne blykber net de ienige klup. Sa binne der al guon ploegen út de kompetysje stapt. Heerenveense Boys 2 by SDS 2 yn de kompetysje, Leovardia 3 by SDS 3 en sc Bolsward 8 by SDS 4 en 5….. By IJVC treffe sy it moarn al hielendal net:
Harsens derby (2097)
Je hawwe net earder skoord dan dat de skiedsrjochter nei de middenstip wiist…..
When you score a banger but you moaned at the ref all game 😂😳 #SundayLeague pic.twitter.com/nHhoPMMaVr
— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) October 3, 2022