Weppers tongersdei 4-9-2025
4 september 2025Sneon 6-9-2025
5 september 2025SDS 1- Oeverzwaluwen 1
De twadde bekerwedstriid fan SDS 1. De Koudumers binne de gasten. Sij ferlearen ferline wike fan QVC 1 mei 7-2. SDS wûn mei 6-2 fan Hielpen 1.
De seleksje:
Mark
Sietze
Gerwin
Remco
Jelte-Pieter
Niels
Tim
Robin
Wytze
Pieter S
Matthijs
Kevin
Jelmer
Lourens
Kees
SDS 2
SDS 2 soe bekerje moatte tsjin IJVC 2, mar hawwe dat ôfrûne tiisdei al dien. IJVC 2 wûn mei 0-3. Nije wike sneon mei SDS 2 noch bekerje út tsjin Sneek-WitZwart 4.
SDS 3 en SDS 4
Sij kinne noch genietsje fan in frije sneon.
De nije SDS-League
It liket as binne ús freonen fan Gratisvoetbalmanager.nl mei fakansje. Sy hawwe noch altiten de nijste transfers net ferwurke. Dat betsjut dat de ynskriuwformulieren fan de SDS-League moandei pas komme. Dochs krije wy de earste fersykjes al binnen.
– meitsje foar my mar in teamke. Gjin pisvee der yn. Groetnis, Hendrik
– Jow my Antonie Coreya mar as tip jouwer. Okke

sc Heerenveen – NEC
Je kinne je net mear oanmelde foar fergese kaartsjes foar sc Heerenveen – NEC. De ambassadeur fan sc Heerenveen, Johan Delfsma, nimt ynkoarten kontakt op mei de lju dy’t in kaartsje besteld hawwe.
Harsens derby (2322)
Ho!
This tackle is f*cking hilarious pic.twitter.com/cqhZ0dKCL6
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) August 31, 2025
Letter miskien wol mear!


