Weppers freed 5-4-2024

Al foar 10 euries nei sc Heerenveen – PSV fia SDS (aksje ynmiddels stoppe)
5 april 2024
Sneon 6 april 2024
5 april 2024

Workum 1 – SDS 1

Om 15.00 oere stiet SDS 1 oan de ôftraap yn Warkum tsjin Workum 1.
De gasthearen stean der goed by op de ranglist en SDS wol mar wat graach dat sy de punten meinimme nei Easterein.
Workum 1 – SDS 1 binne meast spannende potsjes dus at jim kinne, sykje dan de waarmte op yn Warkum.
De seleksje: Jaap, Erik, Gerbrand, Gerwin, Jelte-Pieter, Kevin, Lourens, Luuk, Mark, Matthijs, Niels, Peter, Remco, Robin, Stan en Wierd.

Ut de âlde doaze

Workum 1 – SDS 1 stiet altiten foar spektakel. Yn it earste seizoen dat Hendrik de Jong(doe noch Henk de Jong ;)) by de A-seleksje fan SDS siet levere dat in wedstriid yn Warkum op mei reade kaarten en in lytse oerwinning fan SDS mei as wedstriidwinner Henk de Jong.

Programma

It programma fan de ûnderste 4 ploegen yn de 3e-Klasse A sjocht der sa út. Heeg hat ôfrûne sneon ynhelle tsjin vv Nijland (0-0.), dus alle teams moatte no noch 5 kear balje.

Mei tank oan IJVC.

Harkemase Boys 3 – SDS 2

Om 13.30 yn it hert fan de Wâlden moat SDS 2 oantrede tsjin Harkemase Boys 3.
De seleksje: Anco, Bauke, Jelmer B, Sietze, Eeltsje, Ewout, Jens, Jurjen, Redmer, Tjitse, Tom, Wessel W, Wessel S, Wout en Tim(?).

SDS 3 – QVC 3 g.n.t.

De mannen fan SDS 3 hawwe oant peaskemoandei yn Nijlân nei genoaten oer harren sensasjoniele oerwinning tsjin Mulier 2.
No soenen de Starummers lânskomme en om harren hûd djoer te ferkeapjen.
Spitich genôch kinne de Starummers net 11 man op papier krije en giet de wedstriid net troch…
Dit wie de seleksje: Jorrit E, Michael, Arjan, Aiso, Harm, Wiltsje, Doede, Halbe, Kees, Gjelt, Niels, Jochum en Jasper(2de helft).

vv Heeg 3 – SDS 4

Wat soe it moai wêze at SDS 4 in kear genôch spilers hat foar in útwedstriid tsjin vv Heeg 3.
Om 14.30 giet it dêr los.
De seleksje: Dennis, Feite, Frank, Ids, Jan-Simon, Jildert, Klaas, Mark, Ronny, Sije, Willem, Jelte en Kerst(?).

Al foar 10 euries nei sc Heerenveen – PSV

Tongersdei 25 april spilet sc Heerenveen trhús tsjin PSV. Soe sc Heerenveen PSV fan it kampioenskip ôfhâlde kinne? Fia SDS kinne je al foar €10,- nei dizze wedstriid en dan giet der ek noch €2,- nei SDS as jim it formluier nei it bestellen efkes ynfulle. Sjoch hjir.

Poiesz-jeugdsponseraksje

Jim kinne noch oant en mei kommende snein 7 april munten sparje en ynleverje by de Poiesz yn Skearnegoutum. Noch mar gau efkes wat drúven skore dus.

7×7

Jûn meie de 7×7-teams wer los. Hjir op de webside kinne jim de programma’s fine.

SDS-League

Der binne dizze wike hiel wat punten te ferdielien yn de SDS-League nei in dûbel programma dizze wike. It sil ús benije.
Kommende tiisdei komme wy mei de nije stân.
Annejan Hallema kin mei ‘De trots van Friesland’ dit wykien noch wol wat punten brûke. Nei it trochdewykse programma hat hy wol teld 10 puntsjes. Dan komt de reade lantearn wol hiel tichtby…..

Theatershow yn Nijlân

Sneon 25 maaie om 20.00 oere komme Wim Kieft, Gert-Jan Verbeek en Eddy van der Leij in praatsje hâlden yn Nijlân. Kaarten binne €25,- it stik en te krijen by De Mande, Slagerij Anema en DA-Fizel.

Harsens derby (2239)

Somtiden slagget alles en is elkenien bliid.