Weppers freed 4-4-2025

SDS 1 – Foarút 1

Oan it affysje hjirûnder kinne wij allinne mar taheakje “it is de topper yn de 4de klasse B”
Dat wolle je net misse en boppedat it bliuwt droech……
Seleksje:
Jan-Peter Bootsma
Tim Sweering
Remco Hijlkema
Gerwin Sijbesma
Jelte Pieter Dijkstra
Matthijs Postma
Niels Hiemstra
Jelmer Brouwer
Pieter Sijtsma
Gerbrand Kramer
Douwe Jan Vellinga
Robin van der Weg
Ate Schaap
Lourens van der Pol
Pieter Bouma
Mark Klijnsma

SDS 1 – Foarút 1 35 jier werom

35 jier werom spilen SDS 1 en Foarút 1 ek tsjin elkoar yn Easterein, mar doe noch op it leechste nivo, oftewol de 1e Klasse FVB. SDS 1 wûn mei 4-1 en foar Foarút makke âld-SDS’trainer Lykle Bleekveld noch in wereldgoal fanôf 30 meter. Foar SDS skoorden hjoeddeistich SDS-assistint-trainer Jappie Wijnia, âld-SDS-foarsitter Douwe-Dirk Reitsma en Wichard Deinum(2x).

Oudehaske 2 – SDS 2

Om 12.00 oere mei SDS 2 los yn de Haske tsjin nûmer 8, Oudehaske 2.
Sels stiet SDS 2 op nûmer 7, mar hat 2 puntsjes mear, mar ek 2 wedstriden mear spile.
Wy binne benijd.
De seleksje fan moarn is:

1. Anne
2. ⁠Arjen
3. ⁠Bauke
4. Ewout
5. ⁠Jesse
6. Habtamu
7. ⁠Jurjen
8. Lieuwe
9. ⁠Mark
10. ⁠Sietze
11. ⁠Sjirk
12. Wessel S.
13. Wessel W.
14. Wout

Fertrek: 10:30

Riders:
– Sietze
– Ewout
– Bauke
– Mark

Bakhuizen 2 – SDS 3

SDS 3 mei nei Bakhuizen 2 om dêr om 13.30 oere te baljen tsjin de nûmer 6. Sels stiet SDS 3 10e, dus sy kinne de punten wol brûke.
Dizze seleksje fertrekt om 12.10 oere út Easterein:
Harm
Michael
Jelte
Jorrit veldman
Gerben
Jildert
Jasper
Wiltsje
Rutger
Niels
Halbe
Jochum
Jens

SDS 4 – GAVC 3

Foar SDS 4 alwer in swiere dobber dizze twadde seizoenshelte. Yn febrewaris ferlearen sy noch mei 2-0 yn Grou fan nûmer 2 GAVC 3.
Hooplik giet it no better al wurdt de seleksje fan SDS 4 by tiden al wat krapper no’t der geandewei it seizoen hieltiten mear âldsjes omfalle.
Wy sille it moarn sjen.
De seleksje is krekt op tiid kompleet.

Gertjan, Feite, Frank, Ids, Mark, Ronny, Jeffrey, Willem, Hendrik, Minne, Jildert, Jelle, Daniël en Gjelt.

Harsens derby (2306)

Allememachies! De hiele sneon nei de maan……….

 

Woansdei 9 april Kidsrun by sc Heerenveen
3 april 2025
Sneon 5-4-2025
4 april 2025