Weppers freed 31-10-2025

Fuotbal op freed 31-10-2025
30 oktober 2025
Sneon 1-11-2025
31 oktober 2025
Fuotbal op freed 31-10-2025
30 oktober 2025
Sneon 1-11-2025
31 oktober 2025

Beker

Fannemiddei is de lotting foar de beker west. SDS 1  mei op tiisdeitejûn 18 novimber bekerje út nei sneon-3e-Klasser Drachten.
Hjir kinne jim de hiele lotting fine.

KNVB Beker

Delfstrahuizen 1 – SDS 1

Delfstrahuizen stiet 4e mei 9 punten út 5 wedstriden en SDS stiet 6e mei 8 punten. Sy binne dus moai oan elkoar weage.
Wy sjogge út nei 3 punten.
De lederhosen fan ferline wike kinne wol mei yn de fuotbaltas, want nei de wedstriid hawwe sy by Delfstrahúzen Novemberfest…..
De seleksje:
Mark
Jorrit (O19)
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Wiebe
Robin
Jelmer
Matthijs
Pieter
Gerbrand
Wytze
Pieter B. (O19)
Ate
Lourens
Kees

sc Berlikum 2 – SDS 2

Om 12.00 oere mei SDS 2 al los yn Berltsum tsjin sc Berlikum 2. Sc Berlikum hat 7 puntsjes en SDS hat der 4. Dat Berlikum 2 wedstriden minder hat docht der net ta as SDS 2 wint dan hawwe sy likefolle punten.
De seleksje:
1. Arjen
2. Arnout
3. Auke
4. Bauke
5. Gjelt
6. Jens
7. Jildert
8. Kevin
9. Lieuwe
10. Redmer
11. Tjitse
12. Wessel S.
13. Wessel W.
14. Jochum Scholts (O19)

Fertrek: 10:30 oere
Wedstriid: 12:00 oere
Koach: Tjeerd Dijkstra
Lieder: Jesse van der Weide

SDS 3 – Mulier 2

SDS 3 hat 1 puntsje út 3 wedstriden en is wol ta oan in oerwinning. Mulier 2 hat 4 wedstriden balle en 9 punten. Dy hawwe dy 3 punten net nedich soenen je sizze.
Dizze mannen sille foar SDS 3 de 3 punten út it fjoer slepe moatte:
Wiltsje, Joopie, Milan, Rutger, Haije, Doede-Rients, Aiso, Gerben, Jasper, Jorrit, Jelte, Jorrit, Michael en Pieter van der Valk.

SDS 4 – Heeg 3

SDS 4 is der wer klear foar om moarn te baljen. Heeg 3 hat al 9 punten út 3 wedstriden en sil der hielendal klear foar wêze.
Dizze seleksje wurdt moarn om 13.43 oere op it sportkompleks ferwachte:
Harm-Jan Kamstra, Jan-Simon, Feite, Frank, Ronny, Jildert, Anne, Dennis, Klaas, Jan-Peter, Jentsje, Hendrik de J, Jildert H, Willem en Bote.

SDS/Nijland JO19-1 – Leeuwarder Zwaluwen JO19-1

De mannen fan SDS/Nijland JO19-1 meie moarn ek wer los. As it fjild yn Nijlân it ta lit…… De wedstriid begjint om 10.30 oere.

Opromje

It soe moai wêze as elkenien nei it trainen of nei de lêste jeugdwedstriden op sneon de goals netsjes oprommet.
Net sa:

Mar sa:

Wa hat Jorn syn jas?

Sneon hat ien per ûngelok de ferkearde jas meinaam út de kantine. Jorn Hiemstra is namelijk syn swarte North Face jas kwyt. Yn de bûse sieten noch in oplader en in sleutel.
Jorn soe hiel graach syn jas werom krije, want it is gjin waar sûnder. Graach efks appe mei Jorn: 06-30423147

SDS oan de plestik fles

By sc Cambuur

Yn de Treffer koenen jim lêze dat Xander Geertsma en Mika de Jong ôfrûne wike by sc Cambuur fuotballe mochten op in toernoaitsje mei FC Emmen, FC Groningen en sc Cambuur.
Wy krigen der in pear kreaze plaatsjes fan.

Xander en Mika

Harsens derby (2338)

Harsens derby!