Weppers tongersdei
30 oktober 2008Seleksjes sneon 1-11
30 oktober 2008Gjin trainen A1 en B1
Freedtemiddei om 14.44 in mailtsje fan lieder Klaas fan A1 en om 14.49 in mailtsje fan Jan-Rinse lieder B1: It trainen giet jûn net troch.
Om 14.52 stie it derop!!
Frij
De SDS-Froulju binne moarn frij.
Volendam
Justerjûn pleatsten de froulju harren foar it EK. Uteinlik 9 SDS-ers sieten op de tribune.
- Wiepkje, Marije, Geartsje, Jildou, AnneWil, Anne-Marije, Sjoukje, André, Harm
- 7 kaarten te folle want der soene mear mei. Foar totaal 15 euro ferkocht bij de yngong
- Dronryp siet foar harren en Joure efter harren
- Der waard foaral taktysk sjoen: de froulju letten foaral op “harren” posysje. André seach foaral nei looplinen fan de skeids
- troch de oerwinning giene de forulju út harren dak
Noflik
De ynrinsjurtsjes fan de A-seleksje binne dizze wike wosken yn Easterlittens bij de famylje Broersma. Alles leit wer kreas opteard yn de tas. It rûkt lekker en dat is in prachtich plakje om op te lizzen.
F2
Foar sneon stiet de wedstryd SDS F2 – Mulier F2 op it programma. Dy wedstryd bejint net om 10.00 oere mar om 9.00 oere.
Smoarch
Eeltsje Postma wie juster ferjitten om in skjinne ûnderbrûk mei te nimmen en moast nei it trainen deselde ûnderbrûk wer oan. No ja, ûnderbrûk……..in Björn Baarch…..
Age 70
It moat no 14 jier lyn west ha dat de feteranen fan SDS it goed diene yn de beker. Ien fan de spilers wie Gelf Eringa fan Spannum. Wij neamden him Age 56. Dat kaam troch in relaasje te lizzen mei it Ingelske wurd foar leeftijd. Age 56 waard Age 57 ensf. Age 61 stoppe mei fuotbal en Age is juster 70 wurden, tinke wij. Hij wie yn alle gefallen jierdei. Fan herte.
Chris en Stoffel
Bij de training fan SDS 4 en SDS 5 is it mooglik dat Chris(tiaan) en Stoffel tagelyk traine. Wij hawwe it idee dat it noch net faak foarkommen is. Mar tongersdeitejûn hearden wij wol hiel faak dat se ChrisStoffel ropten. Wiene se beide op training. Nee, it siet oars: in nije spiler dy’t Christoffel hjit.
N.B. Christiaan wie wol op de training en Stoffel net, want dy hie lette.
Neist de skuon
Harm Auke trainde tongersdei prima, dat mei best sein wurde. It wie sels sa goed dat hij allegear komplimenten krige tidens de wedstriden.
Dat giet in oar wer te fier: “Net dwaan, aanst giet hij neist de skuon rinnen”
Reaksje dêrop: “Dat sil seker net barre yn dizze drekboel.”
Training
Woansdei wie der in spesjale training foar C1 en B1. Under it tasjend each fan ferskillende takomstige trainers. Jan Rinse makke wat foto’s dy’t jim hjir sjen kinne.
Ferslach/Verslag training
Klaas Pompstra makke fan de trainersdei in ferslach. En spesjaal foar de gasten is der ek in nederlanske fersje.
Klik hjir foar it fryske ferhaal. Klik hier voor de Nederlandse versie.
Bohemian Rhapsody
Wy fûnen him geweldich: