SDS 1 nei Haulerwyk
28 mei 2025Sneon 31-5-2025
30 mei 2025sv Haulerwijk 1 – SDS 1
De earste neikompetysjewedstriid fynt noch krekt yn Fryslân plak.
Om 14.30 oere begjint de wedstriid mei dizze seleksje:
Jaap
Mark
Jelte-Pieter
Niels
Gerwin
Remco
Tim
Robin
Gerbrand
Wytze
Matthijs
Pieter S.
Douwe Jan
Pieter B.
Lourens
Ate
Kees
Doelpuntenmakkers aller tiden
Sa oan de ein fan it seizoen is it wer tiid om efkes te sjen nei it ‘doelpuntenklassemint aller tiden fan SDS 1’
Dat Jappie Wijnia nea wer ynhelle wurde sil mei syn 218 doelpunten is wol dúdlik.
Mar hoe sit it mei al dy oaren.
Hoe stiet Lourens van der Pol der bijgelyks foar? Skoart dy faker as Floris Hiemstra ea die?
Hoefolle doelpunten hat Jan van Asselt feitlik makke?
Jim sjogge it yn dit oersicht van Voetbalnederland.
Minne bak
Neist Ids Boersma hat ek Minne Bouma oanjoen dat hy stoppet by SDS 4. Ein jierren 90 wie hy noch fjoerfretter by SDS 1 op it middenfjild, mar nei in blessure en soad Efkes Baljen woe hy it ôfrûne seizoen wol wer ris probearje op in grut fjild by SDS 4. Hy jout no oan dat it fjild him te grut is en hy him wer rjochtsjen giet op it Efkes baljen en efentueel 7×7 op freedtejûn. Wy hawwe de kalkers fan it B-fjild noch frege om it fjild efentueel foar Minne wat lytser te kalkjen, mar ek dit koe Minne net oer de line lûke.
Wy winskje Minne noch in hiel soad wille ta en hy bliuwt wolkom fansels.
Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhhh!
Juster is Robert Sijbesma 50 jier wurden. Wy winskje dizze Abraham alle lok, sûnens en wille ta en in hiele moai feessie ta kommende sneon. Tegeare mei syn 40-jierrige frou Wiepkje fiere sy harren 90e jubileum.
De nije Treffer
Alle kompetysjes sitte der hast op en dat betsjut dat wy wer dwaande kinne mei de einTreffer. It soe moai wêze as wy fan elk team in seizoenoersjoch krije. Jim meie dit maile nei DeTreffer@vv-sds.nl. Foar 6 juny soe moai wêze.
Oan-/ôfmelde
Nije leden en leden dy’t stopje wolle moatte harren foar 15 juny oan- of ôfmelde. Dan kinne de nije teamyndielings mar wer makke wurde. Oan- en ôfmelde kin hjir.
VVO 90 jier
Nije wike bestiet vv Oosterlittens 90 jier. Hjir alfêst it programma. SDS hat ek in rol yn it jubileumprogramma. Nei it weekend mear hjir oer.
Harsens derby (2315)
In klassiker.
What the f*ck have I just watched pic.twitter.com/lkeg6RvOPL
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) May 28, 2025