Slotdei SDS-jeugd op sneon 7 juny. Jou dy no op!
27 mei 2025Weppers freed 30-5-2025
30 mei 2025SDS 1 moat sneon fuotbalje tsjin sv Haulerwijk 1.
Oant 2014 binne der twa klups yn Haulerwyk.: vv Haulerwijk en de ZVV Haulerwijkse Boys.
De fusy levere ien klup op mei de namme sv Haulerwijk.
At SDS 1 in ferline hawwe soe mei dizze klup dan soe dat mei zvv Haulerwijkse Boys wêze moatte.
Dat ferline is der!
Yn it seizoen 1992-1993 spilet SDS 1 yn de FVB Hoofdklasse en ien fan dy tsjinstanners is Haulerwijkse Boys
Thús wint SDS mei 3-2 troch doelpunten fan Peter Sijbesma, Jappie Wijnia en Wichard Deinum.
De útwedstriid wurdt 1-1 en it is Jappie Wijnia dy’t it doelpunt makket.
De kompetysje einigt foar SDS prima at wij nei de einstân sjogge.
Haulerwijkse Boys is de neiste belager dan.