Weppers freed 29-11-2024

Weppers tongersdei 28-11-2024
28 november 2024

Bluesky

X (earder Twitter) foldocht ús hieltiten minder en dêrom hawwe wy besletten om oer te gean op Bluesky.
Jim kinne ús hjir fine: vv-sds.bsky.social.
Folgje ús ek op Bluesky. Dan kinne wy ynkoarten hielendal fan X ôf.
It giet moai want jajuster hienen wy noch mar 1 folger en no al 15.

vv Marrum 1 – SDS 1

SDS 1 spilet sneon om 14.30 oere út tsjin vv Marrum. SDS stiet 5e mei 16 punten en Marrum stiet 11e mei 8 punten. Marrum hat de lêste 3 wedstriden ferlern. SDS wol graach meidwaan by de boppeste 5 yn dizze Klasse, mar sil dan winne moatte. Dizze mannen meie it moarn sjen litte:
Jan Peter
Jorrit (O19)
Jelte-Pieter
Matthijs
Gerwin
Tim
Niels
Robin
Gerbrand
Douwe Jan
Pieter S
Wytze
Pieter B (JO19)
Ate
Lourens
Jelmer

Histoarje

Neffens Voetbalnoord hat SDS 1 noch mar ien kear earder tsjin vv Marrum 1 spile. Dat wie yn it seizoen 2009-2010. SDS wûn doe foar de beker yn Marrum mei 1-0 troch in doelpunt fan Tsjipke Okkema. Dat wie yn it seizoen dat SDS yn de folgende ronde útskeakele waard troch Flevo Boys 1. SDS kaam yn Emmeloord noch mei 1-0 foar en koe it yn de twadde helte lang op 1-1 hâlde wylst Hendrik de Jong op goal moast om’t Jaap Toering blesseard rekke wie.

St. SDS/Nijland JO19-1 – Gorredijk JO19-1

Om 10.30 oere mei de kealen fan de JO19-1 thús yn Nijlân balje tsjin Gorredijk JO19-1. SDS/Nijland hat ien kear wûn en ien kear lykspile en Gorredijk hat al harren trije wedstriden noch wûn. Wy tinke dat beide ploegen aardich oan elkoar weage binne. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

SDS 2 – Sneek Wit Zwart 3 J/M

SDS 2 mei sneon om 14.30 thús tsjin Sneek Wit Zwart 3 J/M. SDS hat 9 punten út 6 wedstriden en is in echte middenmotor. As SDS 2 wint dan soenen sy suver oanheakje kinne by it boppeste rygje. Sy moatte eins ek winne want vv Sneek Wit Zwart 3 stiet stiif ûnderoan mei 0 punten.
Dizze seleksje wurdt om 13.30 oere yn de boks ferwachte:
1. Anne
2. Arjen
3. Bauke
4. Ewout
5. Habtamu
6. Jurjen
7. Lieuwe
8. Mark
9. Sietze
10. Sjirk
11. Tjitse
12. ⁠Tom
13. Wessel W
14. Wout

SDS 3 – NOK 4

SDS 3 mei thús balje tsjin NOK 4. In wiere degradaasjekreaker, want SDS 3 hat 3 punten en NOK noch mar 0.
Dizze spilers wurde om 13.40 oere yn de boks ferwachte en meie om 14.30 los.
De seleksje:
Wiltsje
Jochum
Gerben
Jildert
Michael
Aiso
Jorrit E
Meint
Jorrit v
Leon
Doede
Pieter
Jasper
Niels
Jelte
Jeffrey

Heeg 3 – SDS 4

SDS 4 hat noch wol wat goed te meitsjen yn Heeg. Foarich seizoen gienen sy flink ûnderút by Heeg 3. Dat wolle sy no net wer hawwe. De seleksje fertrekt om 13.15 oere út Easterein en de rest fan Fryslân en de wedstriid begjint om 14.30 oere.
De seleksje sjocht der sa út:
Gert-Jan, Jan-Simon, Klaas, Dennis, Frank, Minne, Mark, Jesse, Ronny, Tsjipke, Willem, Boaz en Jens.

Harsens derby (2282)

It hichtepunt juster by de wedstriid fan FC Twente……..