Weppers freed 27-9-2024

SDS sneins?
26 september 2024

SDS JO17-1 wint

SDS/Nijland JO17-1 hat tiisdei de ynhelwedstriid tsjin ONS JO17-3 mei 6-2 wûn.

SDS MO11-1

Fan Robert Hoekstra krigen wy in alderaardichste teamfoto fan de MO11-1. Is it net in plaatsje?

Stean: Meike, Lisa, Anne Baukje, Luna, Anne.
Op hurken: Mirre, Sinne, Joutzen, Britt en Robert Hoekstra.
Lizze: Catoo

SDS 1 – sc Franeker 1

SDS 1 sil moarn probearje om de goeie start fan it seizoen, mei winst op Scharnegoutum, in goed ferfolch te jaan. Dizze 17 spilers moatte it moarn dwaan. Dat klinkt as in hiele bult, mar neffens de geleerden giet it om 11 1/2 fitte spilers. Dat moat genôch wêze:
Jan Peter Bootsma
Sietze Stoffelsma
Gerwin Sybesma
Remco Hylkema
Tim Sweering
Robin van der Weg
Niels Hiemstra
Matthijs Postma
Douwe Jan Vellinga
Ate Schaap
Lourens van der Pol
Sjirk Vellinga
Ewout de Boer
Pieter Bouma
Jelmer Brouwer
Wessel Schraa
Mark Klijnsma

SDS 2 – Flevo Boys 3 (g.n.t.)

Flevo Boys hat om 12.00 oere mar 8 fuotballers en SDS 2 om 16.30 oere mar 6……. Dan kinne je better kommende tiisdeitejûn balje om 19.30 oere yn Easterein.

ONS 3 – SDS 3

SDS 3 hie in false start fan it seizoen mei in ferlies thús tsjin Hielpen 2. Sy sille sjen as sy dit moarn yn Snits rjochtbreidsje kinne al sil dat net makkelijk wurde tsjin ONS 2. By ONS 2 stiet Jurian Rijpma op de goal en hy sil der alles oan dwaan om te foarkommen dat SDS tsjin him skoort.
Dizze seleksje fertrekt sneon om 13.15 oere nei Snits.
Jorrit V
Wiltsje
Arjan
Jochum
Harm
Gerben
Jelte
Niels
Jildert
Micheal
Jasper
Halbe
Jorrit E

SDS 4 – Zeerobben 4

SDS 4 spilet sneon om 14.30 oere thús tsjin Zeerobben 4. SDS is de kompetysje knap begûn mei de 6-2 winst op WPB 5. It is noch net dúdlik hoe ’t it mei de Tobbedûnsers fan Zeerobben is, want sy hawwe in wike langer simmerstop hân en hawwe dus net balle ferline wike. Wy sille moarn sjen wat better is; ritme of rêst.
Dizze seleksje wurdt sneon om 13.30 oere by de boks ferwachte:
Gert-Jan, Bote, Lieuwe, Dennis, Feite, Frank, Mark, Tsjipke, Ronny, Willem, Jentsje, Minne en Jesse.

SDS/Nijland 11-2 wint rom

Om by de JO11 genôch spilers te hawwen is der dit jier foar keazen om ek by de JO11-2 in kombinaasjteam mei Nijland te meitsjen. Ofrûne sneon mochten sy foar it earst yn Nijlân balje en dat betsjut dat de spilers sneon yn it blau los mochten. Dat die fertúten. Op de webside fan vv Nijland stie in wiidweidich ferslach. Sjoch hjir.
Jo11-2_warming_up_Akkrum_thuis.jpg

Binnentroch is koarter…..

In part fan de seleksjes fan SDS 1 en 2 wienen ôfrûne sneon op de fyts nei Skearnegoutum foar de derbys tsjin Scharnegoutum 1 en 2. Tige handich, want dan hawwe je lyk de warming-up hân en je kinne nei de tiid noch ien keapje. Sa fier is Skearnegoutum ek net fytsen. Hielendal net as je binnentroch oer Lytsewierrum gean. Al is it weromreis krekt wat langer as hinnereis…..

Harsens derby (2264)

Kin gebeure……..