Sneon 14.00 oere startskot SDS 75 jier!
23 februari 2022Sneon 26-2-2022
25 februari 2022SDS seal
At it in ferrassende dan wol spektakulaire oerwinning wie fan SDS seal 1 witte wij net, mar feit is wol dat se woansdeitejûn mei 2-3 wûn ha fan Futsal Heerenveen 5.
SDS 1 – Heerenveense Boys 1
De tsjinstanner fan hjoed hat ôfrûne tiisdei ek al balle. Dat wie tsjin Willemsoord en dy wedstriid sil harren noch lang bijbliuwe. Yn de 75 ste minút einige de wedstriid omdat de tsjinstanner noch mar 7 man yn it fjild stean hie troch blessures. De tuskenstân wie 10-0……
No komt de ploech fan trainer Klaas de Jong nei Easterein om oan te treden tsjin SDS 1. It begjint sa as altiten om 14.30 oere mar om 14.00 oere is de ôftraap fan de festiviteiten fan SDS 75 jier.
De seleksje:
1 Jaap
2 Wiebe
3 Erik
4 Gerwin
5 Jelte-Pieter
6 Matthijs
7 Teun
8 Wierd
9 Wesley
10 Pieter
11 Lourens
12 Gerbrand
13 Douwe
14 Sjoerd
15 Steven
16 Hendrik
17 Mark
Wedstriidsponsers:
SDS is bliid mei syn wedstriidsponsers. Bij de wedstriid fan SDS binne dat sneon:
SDS 3 – YVC 2 g.n.t.
Om 14.30 oere op it griene gers fan fjild 2 soe SDS 3 (de nûmer 4 op de ranglist) it op tsjin YVC 2, de nûmer 2 op de ranglist. Spitich genôch hat IJVC net genôch fuotballers om fuotbalje te kinnen en giet de wedstriid net troch.
SDS 5 – Scharnegoutum 4
Om 12.15 giet it los bij SDS 5. De tsjinstanner stiet op it earste plak en SDS op plak 2. It wurdt in dreech potsje fan SDS 5..
De seleksje;

Kerst is der net, mar Wiltsje is der wol.
vv Sneek Wit Zwart VR 1 – SDS VR 1
Net bekend hoe faak dizze wedstriid al ynpland west hat. In nije poging. Om 15.15 yn Snits.
De seleksje krije wij net mear troch
70 jier lyn

Bij de ôftraap fan it jubileum heart ek in âlde foto. Dizze is fan 1952, doe’t SDS al 5 jier bestie.
Harsens derby (2352)
Moarn nei de wedstriid muzyk yn de kantine. dus mar net tiidrekke…..
How to deal with timewasters 🤣
(🎥 TikTok/Codnor Athletic)#SundayLeague pic.twitter.com/Jg4FgxNBe5— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) February 23, 2022




