Weppers freed 25-11-2022

SDS WK-League: stân tongersdei 23.59 oere
24 november 2022
SDS WK-League: stân sneontemoarn 8.56 oere
26 november 2022

SDS 1 – S.F. Deinum 1

Remco Bervoets, trainer fan SDS 1, brocht ferline seizoen S.F. Deinum 1 fan de fjirde nei de tredde klasse. Dêrnei stapten se oer fan de snein nei de sneon en no komme se yn Easterein.
SDS 1 dochs wol ferrassend op it dielde earste plak en hat S.F. Deinum ferassend noch gjin punten. Wat bringt dizze wedstriid, wylst de oare twa meikoprinners tsjinelkoar fuotbalje.
De seleksje: Mark Klijnsma, Marten Faber, Douwe-Jan Vellinga, Frank Bervoets, Gerbrand Kramer, Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Kevin den Haan, Lourens van der Pol, Luuk van der Schaar, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Steven van der Pol, Tsjipke Okkema, Wesley van de Wint en Wierd Hofstra.

Sponsers fan de wike

DJ Heavy P.

Nei de wedstriid fan SDS 1 komt DJ Heavy P. plaatsjes draaien yn de kantine. Sa ’t jim fannewike hjir op de webside sjen koenen wurdt dat feest.

vv Heeg 2 – SDS 2

SDS 2 snakt nei punten want se steane net al te heech. Miskien binne der yn Heech wol trije punten te heljen sadat se op de ranglist wat heger komme te stean.
De seleksje: Jeffrey, Arjen, Tjitse, Eeltsje, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sietze, Tim, Tom, Anne, Jesse en Ewout.

SDS 4- Zeerobben 4

Beide ploegen stean yn de subtop. It kin dus alle kanten út. Wij tinke dat de teamgeast fan SDS 4 de trochslach jout. Om 14.30 te sjen op fjild 2.
De seleksje: Leon, Wessel W, Aiso, Allert, Arjan, Doede, Gerben, Jasper, Jorrit E en V, Michael, Remon en Wiltsje.

Workum 4 – SDS 5 g.n.t.

Foar it earst dizze kompetysje slagget SDS 5 der net yn om genôch spilers op papier te krijen. Spitich.

Tuskenstân SDS WK league

De folgjende tuskenstân is sneontemoarn, krekt foar kofjetiid, te finen op dizze side.

Op it grutte skerm

Sneon binne der wol wat aardige wedstriden te sjen op it WK. Yn de kantine stiet it grutte skerm dan ek oan.
11.00 oere: Tunesië – Australië
14.00 oere: Polen – Saudi-Arabië
17.00 oere: Frankrijk – Denemarken
20.00 oere Argentinië – Mexico

Harsens derby (2113)

Wol sneu foar de bern dat sy in soad wedstriden fan it WK-fuotbal misse moatte om ’t sy op skoalle sitte…….

Letter miskien wol mear!