SDS-League: ‘FC Systeemplafond’ pakt de wykpriis!
22 maart 2023Sneon 25-3-2023
24 maart 2023SDS 1 – Makkum 1
Sa sjocht it der út mei de ûnderlinge prestaasjes sûnt 2008.
At jim op it plaatsje klikke komme der noch mear jierren en sil Geert Hiemstra ek noch wol wat anekdoates witte.
Mar rissultaten út it ferline sizze neat oer it rendemint sneontemiddei. Tusen 14.30 en 16.30 sille wij it sjen.
Seleksje: Jaap Toering, Douwe-Jan Vellinga, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Gerbrand Kramer, Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Jelmer Posthumus, Jelte-Pieter Dijkstra, Lourens van der Pol, Luuk van der Schaar, Matthijs Postma, Remco Hijlkema, Stan Korbach, Wesley van de Wint en Yke Gaastra.
Wedstriidsponsers
Ek sneon binne der wer twa wedstriidsponsers:
Auke Bruinsma Bouw
Stenekes Academy
SDS 2 – VVI 2
SDS 2 ûntfangt sneon VVI 2, de nûmer 2 op de ranglist. Om 12.00 oer kinne jim sjen hoe’t it giet. Dizze mannen wurde om 11.00 oere op it sportkompleks ferwachte:
Mark, Steven, Tjitse, Arjen, Bauke, Bote, Eeltsje, Jort, Jurjen, Robin, Sietze, Tim, Wessel en Wessel.
SDS 2 op de foto
Henk Bootsma komt moarn foar de wedstriid efkes in teamfoto meitsjen fan SDS 2.
Oeverzwaluwen 3 -SDS 4
Thús ferlear SDS 4 fan de “beantsjes’út Koudum. Dat moat goedmakke wurde fine wij. Om 14.30 te sjen.
Seleksje: Arjan, Michael, Wiltsje, Jeffrey, Leon, Jorrit E, Halbe Stunde, Gerben, Aiso, Kees, Marco, Allert, Ate en Remon.
SDS 5 – vv Nijland 3
SDS 5 bliuwt moai yn it spoar fan de koprinner, twa punten minder en ien wedstriid minder spile.. De derby tsjin Nijland 3 libbet hjir wol wat en dêr noch mear.
Seleksje:
Dennis flagget.
SDS-FIFA-toernoai
Nije wike freed is it SDS-FIFA-toernoai op de Playstation foar de SDS-jeugd oant en mei de JO13. Ynmiddels hawwe al in stik of 20 SDS’ers harren hjir foar opjoen. WD-SAT hat oanjoen de byldskermjen wol fergees leverje te wollen. Hjir binne wy tige wiis mei.
Yt- en drinkpauzes
Mochten der fuotballers meidwaan oan de ramadan dan meie sy yn maart en april oanjaan by de skiedsrjochter dat sy in yt- of drinkpauze hawwe wolle tidens in fuotbalwedstriid as de sinne ûnder is. Moarn giet de sinne 19.00 oere ûnder en nije wike sneon sil dat in oer as 20.11 oere wêze. Dat jim net sizze dat jim it net wisten.
Ynhelje
SDS 2 mei tiisdeitejûn alwer balje. De ynhelwedstriid tsjin Rijperkerk 2 is fêststeld op kommende tiisdeitejûn om 20.00 oere yn Easterein.
Gat yn de sok
Mochten je krekt nije SDS-sokken hawwe en der falt in gat yn dan meie je se ynleverje yn de bestjoerskeamer en krije je nije. Of je moatte se der sels yn knipt hawwe…..
https://www.ad.nl/nederlands-voetbal/hierom-dragen-voetballers-sokken-met-gaten-er-in~ad00fa16/
Harsens derby (2150)
Pikefel
Stunning: Lionel Messi and Argentina play first game since winning World Cup. An emotional Messi soaks in the bouncing stadium. One tiny yet trancendent bloke senses extent to which he has brought an entire nation together 🏆🇦🇷pic.twitter.com/XBK9YEnPbj
— roger bennett (@rogbennett) March 24, 2023