SDS-League: ‘FC Systeemplafond’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 21-3-2023
21 maart 2023
Weppers freed 24-3-2023
24 maart 2023

‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma hat in topwike. Sy pakke de wykpriis mei 66 punten. Dat is krekt 2 mear as Bauke Sieswerda mei ‘Littens 1935’. Wat Jacob-Klaas oanbelanget dûbel priis.

‘FC Orthopedie’ en ”Team Hatseflatse’ dogge boppe-yn op ‘e nij oan stuorke wikseljen. No pakke Wiebe Heeres en Inne Heerma wer it boppeste plak oer fan Thys Bruinsma. Opfallend is dat ‘FC Orthopedie’ noch gjin inkele wykpriis pakt hat.

‘Happy Feet’ fan Emke en Habtamu de Hoop hat in knappe wike. Mei mar leafst 62 punten geane sy fan it 17e nei it 8e plak. Soe Habtamu mei Jesse Klaver it oer de taktyk hân hawwe? Miskien noch mear oer links?

Wêr ’t Jacob-Klaas de wykpriis pakt, hat syn broer Erik in minne wike. Mei mar 35 punten sakket hy fan it 8e nei it 21e plak. Jacob-Klaas giet Erik sels foarby yn de stân. Wy binne benijd as Erik dit gatsje noch stopje kin de kommende wiken.

Ate-Feike de Boer pakt mei ‘Frekie ter Schuur’ de reade lantearn. Mei mar 20 punten hat hy ek wol in hiele minne wike al sil ‘Frekie’ syn wike der net troch bedjêre litte; ‘Twee ogen su blauw!’

 

SDS League 2022-2023 twadde helte stand wike 6