Weppers freed 23-5-2025

Fuotbal op freed 23-5-2025
22 mei 2025
Ofskie Erik Haitsma
23 mei 2025
Fuotbal op freed 23-5-2025
22 mei 2025
Ofskie Erik Haitsma
23 mei 2025

Gjin 7×7

It 7×7-toernoai foar lju dy’t moarn net hoefe te baljen giet net troch. De measte fuotballers binne wol efkes klear mei it baljen. mei 7 opjefte foar 7×7 hawwe je krekt 7 te min.

SDS 1 – sf Deinum 1 om 14.30 oere

De lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje.
sf Deinum spilet foar de ear (?) en SDS  foar in mooglik tredde plakje yn de kompetysje(?)
Seleksje:
Mark
Niels
Remco
Jelte-Pieter
Tim
Robin
Matthijs
Jelmer
Douwe Jan
Lourens
Ate
Jaap
Gerwin
Erik
Wytze
Gerbrand
Pieter

Neikompetysje. Hoe sit it ek alwer?

SDS 1 stiet no noch 4e yn de kompetysje en is al wis fan neikompetysjefuotbal. Mochten sy sc Franeker noch foarby gean yn de stân en 3e wurde dan hawwe sy 31 maaie in thúswedstriid yn de neikompetysje. As SDS 4e wurdt dan folget der in útwedstriid.

Erik Haitsma

De lêste wedstriid fan it seizoen betsjut ek it ôfskie fan Erik Haitsma. Der binne jongens by SDS 1 dy’t noch yn de luiers sieten doe ’t Erik foar it earst yn SDS 1 balle.
Wy misse him no al.
Wy sille de skiednisboeken noch efkes yn.

Slotfeest

Sneon as “ôfsluter” fan it seizoen it slotfeest. Jim kinne der hjir alles  der oer lêze.

NOK 4 – SDS 3

SDS 3 mei om 15.00 oere oantrede tsjin NOK 4 yn it altyd moaie Aldemardum.
Seleksje:
13: 45 fertrekke
Jelte
Gerben
Aiso
Jasper
Wiltsje
Niels
Jochum
Halbe
Micheal
Jorrit
Wessel
Jildert
Bouke
Rutger
Pieter
Kees

ST SDS/Nijland JO19-1 – St.Annaparochie JO19-1

De thúsploech stiet op in prachtich twadde plak yn dizze kompetysje.
sc Stiens hat 23 punten en in hiel goed doelsaldo en SDS/Nijland hat 20 punten en in “iets” minder doelsaldo.
Woansdei wûn SDS/Nijland JO19-1 noch knap fan Leeuwarder Zwaluwen JO19-1 mei 3-2 yn Nijlân troch doelpunten fan Pieter Bouma, Jelle Vellinga en Sven Hoekstra.
Sneon meie sy om 11.30 oere tsjin St. Annaparochie JO19-1 yn ….. Easterein.

Harsens derby (2313)

Ho……..