Weppers freed 22-3-2024

De nije Treffer mei advertinsjes
20 maart 2024
Sneon 23-3-2024
22 maart 2024

SDS 1 – CVVO 1

Foarlopich is der alle sneonen  noch in kâns om bij de degradaasjeplakken wei te kommen.
Ek tsjin CVVO leit der wer in kâns.
Om 15.00 oer binne jim wolkom foar fêst wer in spannend potsje oan’t de lêste sekonde fan de ekstra tiid.
De seleksje: Jaap Toering, Erik Haitsma, Gerbrand Kramer, Gerwin Sijbesma, Jelmer Brouwer, Jelte-Pieter Dijkstra, Kevin den Haan, Lourens van der Pol, Matthijs Postma, Niels Hiemstra, Peter Hoogerwerf, Remco Hijlkema, Robin van der Weg, Stan Korbach, Wierd Hofstra en Mark Klijnsma.

Sponser fan de wike

SDS 2 – LAC Frisia 1883 2

Om 12.30 treedt SDS 2 oan tsjin ien fan de âldste fuotbalklups fan Fryslân.
De Ljouwerters steane der mei in tredde plak iets better foar.
Mar je witte nea at it doarp de stêd  ferslacht.
De seleksje: Bauke, Jelmer B, Sietze, Eeltsje, Ewout, Jens, Jurjen, Lieuwe, Redmer, Tim, Tjitse, Tom, Wessel S, Wessel W en Wout.

Oudega 2 – SDS 3

Dizze beide ploegen ûntrinne elkoar net sa folle.
Beide hawwe 8 punten helle yn 11 en 12 wedstriden.
Hoe sil it komme op sportpark it Joo yn Aldegea?
Skoodt SDS 3 om 16.30 oan yn de kantine mei 3 punten yn de tas?
Sy fertrekke om 11.40 oere.
De seleksje: Niels J, Jochem, Jorrit E, Michael, Arjan, Aiso, Doede Rients, Halbe en Jildert v.d. W.

SDS 4 – Heerenveense Boys 10

Om 14.30 oere kinne jim genietsje fan de keunsten fan SDS 4, dat ferline wike noch ûngelokkich en stikem ferlear mei 2-0 fan Makkum 4.
The Boys út it Fryske Haachje hawwe noch net safolle punten dus at SDS 4 in bytsje folledich is, moat it kinne.
Dizze seleksje wurdt moarn om 13.46 oere by de boks ferwachte.
De seleksje: Jelte, Dennis, Jan-Simon, Robert, Willem, Jildert H, Feite, Frank, Ids, Mark, Ronny, Sije, Tjeerd, Klaas en Gjelt.
Daan hat in wykein frij en Harm sit yn de syktewet.

Betterskip!

Harm-Auke Dijkstra hat ôfrûne wike in nije heup krigen. Wy winskje him in goed herstel ta en sjogge him hooplik moarn al lâns de kant.

In wedstrydsje fluitsje mei ek fansels. Hy is net oan de fluit opereard…..

Harsens derby (2237)

Alderaardichst dat Harm moarn efkes yn de skootmobyl nei SDS komt, mar hy moat him al gedrage.