Weppers freed 20-12-1019

Woonvaria nije sjurtstiper SDS 4
19 december 2019
Sneon 21-12-2019
20 december 2019

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer

SDS docht moarn foar alwer foar de 21e kear mei oan it Krystsealtoernoai fan Frjentsjer. De earste twa kear wûn SDS it yn 1999 en 2000, mar dêrnei kaam SDS net wer fierder as twa finaleplakjes. Sneon binne de earste foarrondes. SDS docht dit kear mei mei Jaap Toering, Tsjipke Okkema, Gerwin Sijbesma, Remco Hijlkema, Pieter Sijtsma, Matthijs Postma, Jelmer Posthumus, Johannes Tichelman en Willem Wijnia. It programma foar sneon is:
20.24 oere: Keet Lazarus – vv SDS
21.00 oere: vv SDS – De Mannen v/d Berg
21.36 oere: Topline – vv SDS
22.12 oere: vv SDS – Foto Techniek Service
Op 2e Krystdei binne de rest fan de foarrondes en de finales.

Noch ien sneon

Moarn it lêste programma op sneon en it ferfolch op snein. Op it fjild binne noch twa útwedstriden en de sealstriid fynt plak yn Ljouwert.

SDS 4 ferliest

Woansdeitejûn 5-2 ferlen fan Nijlân.. nei in goeie earste helte stoenen we yn de rust mei 1-2 foar troch goals fan Allert en Tjeerd de Vries.
Helaas yn de twadde helte in hiele oare wedstryd mei in dominant Nijlân, werby sy 4 kear witte te skoaren.
Tank giet út nei gastspilers Marco Rijpkema, Jesse van der Weide en Tjeerd de Vries.
Ek graach kompliminten oan Wietse Vink, want eltsenien op it fjild wie it der oer iens dat hy in geweldige wedstryd stoen te keepen!
Allert

Stân fan saken

Op de twa wedstriden fan moarn nei, sit de earste helte fan de kompetysje der op. Hoe’t de SDS teams der foar stean kinne jim hjir sjen.

Spulrigeltest

Yn al dy âlde Treffers komme je de meast alderaardichste stikjes tsjin. Sa gie Daan Boersma yn febrewaris 1980 mei Tjeerd Dijkstra, Anne Lettinga en T. van der Valk nei Snits foar in spulrigeltest. Sy waarden dêr 7e…….., mar ûndanks dat is Daan dochs noch de beste flagger fan de wrâld wurden. Soks jout minsken moed!


De Kryst-Treffer

De nijste Treffer leit by ús drukker en haadstiper Drukkerij Van der Eems en kin elts momint klear wêze. Miskien falt der foar de kryst noch wol by jim troch de bus.

Harsens derby (2194)

Ho, ho, ho!!