Weppers freed 2-12-2022

SDS WK-League: stân tongersdeitejûn 23.00 oere
1 december 2022
SDS WK-League: stân sneontemoarn 8 oere
3 december 2022

In alderaardichste sneontemiddei

sc Bolsward 1 – SDS 1   om 14.15 oere

Uteinlik binne se der yn slagge om ek dizze wedstriid wat earder te spyljen te litten. Om 14.15. oere treedt SDS 1 oan tsjin sc Bolsward 1. Beide ploegen steane yn de top 4.
De seleksje: Jaap Toering, Douwe-Jan Vellinga, Gerbrand Kramer, Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Jelte-Pieter Dijkstra, Kevin den Haan, Lourens van der Pol, Luuk van der Schaar, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Steven van der Pol, Wesley van de Wint en Wierd Hofstra.

SDS 2 – Makkum 2    om 13.45 oere

In moaie tiid  om dêrnei noch efkes Oranje – VS te sjen yn de kantine. Mar earst 3 punten skoare.
De seleksje: Mark, tjitse, Stan, Arjen, Bauke, Eeltsje, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sietse, Tom, Wessel S, Wessel W. en Jelmer.

QVC 3 – SDS 4 g.n.t.

It like foar SDS 4 in moaie tiid om trije punten op te heljen en om op tiid yn de kantine yn Easterein te wêzen, mar de helte fan de seleksje is sawisa oant 12.30 oere oant wurk. Spitich genôch giet de wedstriid dan ek net troch.

SDS 5 – ONS 5 g.n.t.

It waar wurdt frisser, de spieren bliuwe wat kâlder, wij wienen benijd at de âlde hap hjir wol oer kin. Sij soenen yn alle gefallen moai op tiid om de “rûne “tafel sitte…….
Spitich genôch hat ONS freedtejûn ôfbelle en kinne de mannen fan SDS 5 hielendal moai op tiid oan de rûne tafel sitte…….

Toppers

Der wienen gjin barfrijwilligers beskikber foar moarn. Wy binne der dan ek tige wiis mei dat Yvonne van Beem en Jan-Jetze Brouwer dit dwaan wolle.